Liberaal-Sosjalistyske Beweging

Ut Wikipedy

De Liberaal-Sosjalistyske Beweging (LSB) wie in Nederlânske politike beweging.

De beweging ûntstie yn 1935 út it Bond tot Hervorming van den Grondeigendom. Oprjochter wie Chris Verwey (1866-1944), in broer fan dichter Albert Verwey.[1] Chris Verwey wie haadboekhâlder en akkountant by de Algemeene Maatschappij van Levensverzekering en Lijfrente. Chris Verwey wie ek útjouwer en redakteur fan De Uitweg, it orgaan fan de Liberaal-Socialistische Beweging dat alle moannen tusken 1936 en 1940 ferskynde. Neist artikels oer ekonomyske kwestjes, lânnasjonalisaasje en ynlânske kolonisaasje skreau er oer single tax.[2][3][4] Yn 1941 ferskynde syn De uitweg uit den socialen nood dêr't er yn skreau oer fjouwer sosjaal-ekonomyske kearnproblemen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Trouw, 7 jannewaris 1995
  2. Sociale geschiedenis
  3. In belestingstelsel dat yn haadsaak of allinnich basearre is op ien belesting, dy 't meastal keazen wurdt fanwegen har spesjale eigenskippen, faak in belesting op grûnwearde.
  4. Argivearre op 7 maart 2016.