Lenten

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Lenten is it doarp dêr't Hylke en Sytse Klinkhammer wenje, de haadpersoanen út de boekerige De Kameleon. It doarp leit yn Fryslân oan in mar. Yn it doarp binne, njonken de normale ambachten, in molkfabryk en it kafee "It Paviljoen" fêstige. It molkfabryk wurdt letter in meubelfabryk. In part fan de omkriten wurdt foarme troch in polder, dy't bemealle wurdt troch de mole De Wâldaap. Tsjin it doarp oer oan de mar leit in oar doarp, Jonkersfean. Yn de earste boeken fan De Kameleon hie it doarp noch gjin namme.

Sûnt Terherne de slach om Kameleondoarp te wurden wûn hat fan Grou soe it ek Lenten neamd wurde kinne.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen