Laurentius Knappert
Appearance
Laurentius Knappert (Harns, 7 july 1863 - Leien, 4 juny 1943) wie in modern teolooch.
Knappert waard berne yn Harns dêr't syn heit, Jan Knappert, herfoarme predikant wie. De famylje Knappert kaam fan Skiedam; syn mem wie Emilie Charlotte van Gogh.
Knappert wie fan 1903 oant 1933 heechlearaar fanwege de Nederlânske Herfoarme Tsjerke yn Leien. Hy krige niget oan de Fryske tsjerkeskiednis doe't er yn Dokkum stie fan 1889 oant 1893. Yn 1893 waard er beneamd yn Assen, dêr't er njoggen jier stien hat.
Knappert publisearre yn ferskate tydskriften oer godstsjinst en tsjerkeskiednis.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Knappert, Laurentius. |
Kategoryen:
- Frysk predikant
- Frysk teolooch
- Frysk skiedkundige
- Tsjerkehistoarikus
- Frysk heechlearaar
- Frysk publisist
- Nederlânsk predikant
- Nederlânsk teolooch
- Nederlânsk skiedkundige
- Nederlânsk heechlearaar
- Nederlânsk publisist
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Harns
- Persoan berne yn 1863
- Persoan stoarn yn 1943