La Espero

Ut Wikipedy

La Espero ('De Hope') is it 'folksliet' fan Esperanto. De tekst is skreaun troch Lejzer Zamenhof (1859-1917), de oarspronklike betinker fan de taal Esperanto. It wurdt no gewoanlik songen op muzyk komponearre troch Félicien Menu de Ménil.

Tekst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

La Espero (yn it Esperanto)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

En la mondon venis nova sento,
   tra la mondo iras forta voko;
per flugiloj de facila vento
   nun de loko flugu ĝi al loko.
Ne al glavo sangon soifanta
   ĝi la homan tiras familion:
al la mond' eterne militanta
   ĝi promesas sanktan harmonion.

Sub la sankta signo de l' espero
   kolektiĝas pacaj batalantoj,
kaj rapide kreskas la afero
   per laboro de la esperantoj.
Forte staras muroj de miljaroj
   inter la popoloj dividitaj;
sed dissaltos la obstinaj baroj,
   per la sankta amo disbatitaj.

Sur neŭtrala lingva fundamento,
   komprenante unu la alian,
la popoloj faros en konsento
   unu grandan rondon familian.
Nia diligenta kolegaro
   en laboro paca ne laciĝos,
ĝis la bela sonĝo de l' homaro
   por eterna ben' efektiviĝos.

De Hope (oerset yn it Frysk)[1][bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de wrâld is in nij gefoel komd,
   troch de wrâld giet in sterke rop;
op wjukken fan in licht koeltsje
   mei hy no fan plak nei plak fleane.
Net nei it moardsuchtige swurd
   lûkt hy nei de famylje fan de minsken:
oan de ivich oarlochfierende wrâld
   belooft hy hillige harmonij.

Under it hillige teken fan de hope
   sammelje har striders foar de frede,
en de saak groeit hurd
   troch it wurk fan dejingen dy 't hope hawwe.
Stevich steane der muorren sûnt millennia
   tusken de ferdielde folken;
mar de stege barriêres sille útinoar springe,
   troch de hillige leafde útinoar slein.

Op it fûnemint fan in neutrale taal,
   elkoar begripend,
sille de folken ienriedich foarmje
   ien grut famyljefermidden.
Us warbere kollega's
   sille it fredeswurk net sêd wurde,
oant de moaie dream fan de minskheid
   fan ivige seine realisearre wurde sil.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De oersetting is makke fan dizze ferzje fan de Nederlânsktalige Wikipedia