Kumasi
Appearance
(Trochferwiisd fan Kumasy)
Kumasi | ||
Bestjoer | ||
Lân | Gana | |
Regio | Asjanty | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 4 miljoen (rûsd foar 2015) | |
Oerflak | 254 km² | |
Befolkingsticht. | 16.000 / km² | |
Stêdekloft | 7 miljoen (299 km²) | |
Hichte | 250 m | |
Oar | ||
Stifting | 1680 | |
Tiidsône | UTC+0 | |
Offisjele webside | ||
Webstee fan Kumasi |
Kumasi (Ingelsk: Kumasi; eartiids ek: Coomassie en Kumase) is de op ien nei grutste stêd fan Gana. It ynwennertal giet de lêste jierren bot omheech. Kumasi is ek de haadstêd fan de regio Asjanty en leit sa'n 250 kilometer fan Akkra, de haadstêd fan it lân. Kumasi hat eartiids de haadstêd fan it keninkryk Asjanty west.
Kumasi is in wichtich sintrum foar de pleatslike kakaotylt en de kap en it ferwurkjen fan hurdhout út de omkriten. Yn de regio wurdt goud wûn en de stêd hat ien universiteit, de Kwame Nkrumah University of Science and Technology of Ghana. Troch de goudminen is de stêd ien fan de woltierichste stêden yn Gana.
Stêdebân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Berne yn Kumasi
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Aquasie Boachi (1827 - 1904), earste swarte mynyngenieur
- Kofi Annan (1938), FN-diplomaat
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Invest in Kumasi
- Nijs Kumasi
- MyGardenCity Interactive Community Platform for Ashanti Region
- MSN Kaart
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kumasi fan Wikimedia Commons. |