Kreak (skip)
De kreak is in histoarsyk, seegeand sylskip, ûntwikkele yn de twadde helte fan de 15e iuw. De kraak hat in soad fan de karveel dêr't hy út ûntwikkele is. In grut karveel mei meardere mêsten fjouwerkanttuge waard troch de Portegezen nao en yn Spanje carraca neamd, wat ferbastere waard ta kreak.
De kreak wie in seeweardich skip en wie gaadlik foar lange tochten en ûntdekkingsreizen. It flaggeskiip fan Christoffel Columbus, de Santa Maria, wie in kreak. Ek de skippen dêr't Ferdinand Magellaan yn 1519 mei út Sevilla ôfsette wiene fan dit type. Yn de midden fan de 16e iuw blykte dat de kreak mei syn hege foarkastiel lestich mei swiere nei foaren ta sjittende kanonnen útrisd wurde koe. It type waard trochûntwikkele ta de galjoen, mei in legere stjûne. De galjoen waard it 17e iuwske retoerskip fan ôflaat, dy't in soad bydroegen hat ta de wolfeart fan de Gouden Iuw yn Nederlân.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|