Kreak (skip)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
An illustration from an old map which shows a wooden sailing vessel with a square-rigged foresail, a square-rigged main mast with main and topsail, and a lateen sail aft over a very high stern
In kreak op in 16e-ieuske kaart

De kreak is in histoarsyk, seegeand sylskip, ûntwikkele yn de twadde helte fan de 15e ieu. De kraak hat in soad fan de karveel dêr't hy út ûntwikkele is. In grut karveel mei meardere mêsten fjouwerkanttuge waard troch de Portegezen nao en yn Spanje carraca neamd, wat ferbastere waard ta kreak.

De kreak wie in seeweardich skip en wie gaadlik foar lange tochten en ûntdekkingsreizen. It flaggeskiip fan Christoffel Columbus, de Santa Maria, wie in kreak. Ek de skippen dêr't Ferdinand Magellaan yn 1519 mei út Sevilla ôfsette wiene fan dit type. Yn de midden fan de 16e ieu blykte dat de kreak mei syn hege foarkastiel lestich mei swiere nei foaren ta sjittende kanonnen útrisd wurde koe. It type waard trochûntwikkele ta de galjoen, mei in legere stjûne. De galjoen waard it 17e ieuske retourskip fan ôflaat, dy't in soad bydroegen hat ta de wolfeart fan de Gouden Ieu yn Nederlân.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: