Kopete
Ut Wikipedy
| Kopete | |
|---|---|
![]() Kopete 0.12.4 |
|
|
|
|
| Untwikkelder | Kopete ûntwikkelders |
| Meast resinte ferzje | 0.50.80/ 29 july, 2008 |
| Kategory | Instant messaging |
| Lisinsje | GNU General Public License |
| Webstee | http://kopete.kde.org |
Kopete is in tsjetprogramma mei in brede stipe foar protokollen. It is ûntwikkele foar in djippe yntregraasje mei de buroblêd omjouwing fan KDE. Sa kin it adresboek fan KDE oan kopete keppele wurde.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Protokollen
Kopete stipet de folgjende protokollen:
- .NET Messenger Service
- AOL Instant Messenger
- Gadu-Gadu
- ICQ
- Internet Relay Chat (noch yn ûntwikkeling)
- Jabber (XMPP) mei jingle foar stim (It selde dy't Google Talk brûkt)
- Lotus Sametime mei help fan de Meanwhile ynstekker
- Novell GroupWise
- SMS
- Skype (mei help fan Kopete Skype) (ôfkard)
- Winpopup Windows âlde netwurk berjochten tsjinst.
- Yahoo! Messenger
[bewurkje seksje] Funksjes
- Berjochten groepearje yn it finster, mei ljeppers om maklik tusken konversaasjes te wikseljen.
- Akkount opsje stiet in brûker ta om mei meardere akkounten oan te melden.
- It omgean mei meardere akkounten dy't oer deselde ferbining tagelyk brûk meitsje (bgl. 3 fan ICQ en 2 fan Jabber).
- Kontakten kinne skûlnammen brûke.
- Ferskillende kontakten, dy't ien en deselde persoan is, groepearje as ien meta kontakt. [1]
- Oanpaste notifikaasjes foar meta-kontakten. [2]
- KAddressBook en KMail yntegraasje.
- Mei de skiednisynstekker konversaasjes bewarje.
- It uterlik fan it tsjetfinster opmeitsje mei help fan XSL en CSS.
- Stipe foar oanpaste emobyldkaikes.
- In oanpaste notifikaasje kin, in meidieling opkomme litte, in lûd spylje, of in berjocht stjoere nei in kontakt.
- MSN en Yahoo! messenger webkam stipe.
- Staveringshifker as-jo-type ûnder it tsjetten.
[bewurkje seksje] Ynstekkers
Standert, stipet Kopete de folgjende ynstekkers. [3]
- Auto ferfange
- Ferbinings tastân
- Kontakt notysjes
- Kryptografy
- Markearje
- Skiednis
- KopeteTeX
- Motion Auto-efkes fuort
- Lústerje no nei
- Statistiken
- Tekst Effekt
- Oersetter
- Web mooglikheid
[bewurkje seksje] It paad foarút
[bewurkje seksje] KDE 4.1
Der steane in tal ferbetterings yn de planning, mar op it stuit is KDE4.1 útkaam en is it net wis of dizze plande ferbetterings it wol helle ha.
- Strigi yntegraasje: Kopete makket brûk fan Strigi om troch de skiednis te sykjen
- Kross yntegraasje: Kross sil ûntwikkelders de mooglikheid jaan om ynstekkers te skriuwen yn skripttalen dy't troch Kross stipe wurde
- Ferbeterre ynterfaasje: Ferbetterings foar it kontaktfinster en algemiene uterlik, mei respekt foar de KDE Human Interface Guidelines
[bewurkje seksje] KDE 4.2
- Gast modus: Hjirmei kinne oare brûkers oanmelde, sûnder de brûkersynstellings te befolkjen, ek wol omskreaun as in sânbakmodus
- Folsleine yntergraasje fan Telepathy/Decibel: Dit sil twa doelstellingen hawwe, ien om de protokollen dy't al yn Kopete sitte beskikber te meitsjen as telepaty ferbiningsbehearders. De oare is om de protokollen fan de applikaasje te skieden (lyk oan wat Pidgin dien hat)
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
