Knolstienbrek

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
stienbrek
stienbrek

De Knolstienbrek is in stinzeplant. Saxifraga granulata is in plant út de stienbrekfamylje (Saxifragaceae). It soarte komt foar yn West-Europa en yn de bergen fan Súd-Europa. De knolstienbrek groeit yn Súd-Nederlân en healannen oan rivieren, mar ek oan boskpaden.

It is in fêste plant dy 't 15-50 cm heech wurdt. Oan de foet fan de plant sitte krekt boppe of ûnder de grûn lytse boltsjes, fandêr de soarteoantsjutting granulata. Troch dy boltsjes fermearderet de knolstienbrek him fegetatyf fuort. De 1-3 sm lange blêden binne mei útsûndering fan de boppeste rûn oant nierfoarmich mei karteltoske râne. De boppeste blêden binne wat langwerpiger. De knolstienbrek bloeit yn Nederlân fan maaie - juny mei wite blommen, dy't ± 1,5 sm grut binne. De blom bestiet út fiif kroanblêden. De bloeiwize is in los byskerm.

De folde foarm fan de Knolstienbrek is Haarlimmer klokkespul (Saxifraga granulata 'plena') is in foldblommige cultivar dy't ferwyldere as stinzeplant foarkomt by bûtens as Martenastate yn Koarnjum, Hûs te Manpad (Heemstede), Thijsse's Hof (Bloemendaal), en de Haarlimmerhout.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Saxifraga granulata en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.


Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Category:Saxifraga_granulata en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.