Klauboek

Ut Wikipedy

In klauboek wie yn Grinslân in offisjeel register fan dy pleatsen en huzen binnen de kluften (ek klauwen of clauwen) dêr 't de eigener fan berjochtige wie om as redger (of rjochter) op te treden. Oarspronklik gie it rjochterskip rûn tusken alle ynwenners dy 't oan beskate kritearia foldiene. De rjochten wiene omgeand. De wize dêr't it rjocht op omgie wie fêstlein yn saneamde klauboeken. De pleatsen dy't yn it klauboek opnommen wiene, wiene de saneamde edele heerden.

De klauboeken komme foar yn de Ommelanner geaen dy 't ûnôfhinklik wiene fan de stêd Grins. De âlde Fryske frijheid krige hjir mei foarm troch it sels foarsjen yn rjochtspraak en bestjoer dat foar it grutste part op lokaal nivo, binnen de rjochtsstoel, organisearre waard.
It opnaam wurde yn it Klauboek kin ta de hearlike rjochten rekkene wurde.

Yn'e rin fan 'e tiid kamen hieltyd mear rjochtsstuollen yn hannen fan ien famylje, dy't him as haadling, letter as jonker, dêrom ek hear fan de oanbelangjende rjochtsstoel neame liet. Yn dat gefal waard de rjochtsstoel as 'steand' oantsjut. Yn de Oldambten en Westerwolde waarden de rjochters fan de sechstjinde iuw ôf oansteld troch it stedsbestjoer fan Grins. Earst wie der noch sprake fan in aparte landrichter, mar yn de santjinde en achttjinde iuw fungearre de drost as rjochter.

De Grinzer redgers bleaunen yn funksje oant de Bataafske omkear.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Boarnen