Springe nei ynhâld

Kizji

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kizjy)
It eilân mei op de foargrûn de houten tsjerken fan Kizji Pogost

Kizji (Russysk: Кижи) is in eilân yn de Mar fan Onega yn Ruslân. De houten tsjerken op it eilân hearre sûnt 1990 ta it wrâlderfskip fan UNESCO. Opfierd binne likernôch tachtich bouwurken fan Karelyske houtboukeunst.

It eilân is likernôch 7 kilometer lang en 0,5 kilometer breed en leit tusken in grut tal meastentiids lytsere eilannen.

Yn de 17e iuw foarme it eilân in skeakel yn de ferdigening fan it lân tsjin de Sweedske en Poalske ynkringers. Tusken 1769 en 1771 fûnen hjir ûnder it regear fan Katarina de Grutte inkelde grutte opstannen plak.[1]

Yn de jierren 1950 ferdwûne de measte doarpen fan it eilân en tsjintwurdich wenje der noch ûngefear 100 persoanen ferdield oer twa doarpen. Foarhinne libben de minsken hjir benammen fan de fiskerij, hjoeddedei is it foaral it toerisme.

Hjoeddedei komme alle jierren ± 160.000 toeristen út de hiele wrâld nei it eilân.

It iepenloftmuseum

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It eilân is benammen bekend fanwegen it iepenloftmuseum dat hjir yn 1960 iepene waard, dêr't de besiker yn de kunde komme kin mei de houten Karelyske arsjitektuer. Under de bouwurken binne tsjerken, hûzen, skuorren en in wynmûne. De 37 meter hege Transfiguraasjetsjerke (Преображенская церковь) waard foltôge yn 1714 en is in simmertsjerke, dy't mei in piramide fan 22 lytse sipels bekroand wurdt. Allinnich de houten laaien op de sipels binne mei in izeren spiker befêstige, de rest fan de tsjerke is sûnder izeren spikers boud.

De Tsjerke fan de Foarbea (Покровская церковь) kaam yn 1764 ree en is de wintertsjerke (d.w.s. de tsjerke is te ferwaarmjen en wurdt winterdeis brûkt). De ikonostaze fan dy tsjerke bestiet út 102 18e-iuwske ikoanen. De wintertsjerke hat op it flakke dak mar acht sipels, dy't om in sintrale sipel hinne groepearre binne. De beide tsjerken diele in klokketoer út 1863-1872 en hawwe in mienskiplike ôfreding. It gebiet binnen de ôffreding wurdt Kizji Pogost neamd. In tredde tsjerke is de Lazarustsjerke (Лазаревская церковь). Yn de Sovjet-tiid wiene de tsjerken fan 1937 oant 1994 sletten. Fierder binne der meardere kapellen en boerehûzen mei bygebouwen út oare Karelyske doarpen nei it iepenloftmuseum helle.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: