Kim Novak

Ut Wikipedy
Kim Novak yn Pal Joey, 1957
Kim Novak, Los Angeles 1962

Marilyn Pauline Novak (Chicago (Illinois), 13 febrewaris 1933) is in bekende Amerikaanske aktrise.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ien fan har bekende rollen spile hja yn de Hitchcock-film Vertigo ýt 1958. Dizze film wurdt faak in klassiker neamd. Novak spile de dûbelrol fan Judy Barton en Madeleine Elster. Jierren letter waard sy bekend as Kit Marlowe yn de dramarige Falcon Crest.

Har lêste rol hie Novak yn de film Liebestraum, 1991.

Sy hat in tal rollen ôfwiisd, sa as de haadrollen yn Breakfast at Tiffany's (dy gie nei Audrey Hepburn) en The Hustler (dy't nei Piper Laurie gie).

Tusken 15 maart 1965 en 23 april 1966 wie hja troud mei de Ingelske akteur Richard Johnson en sûnt 12 maart 1976 mei Robert Malloy.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kim Novak yn Vertigo trailer

Earebetoan[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Novak hat in sjer op de Hollywood Walk of Fame.

Yn 1995, kaam Novak op it 92e plak by Empire Magazine op de list fan de 100 sexiest stars in film history. Yn 1955 wûn hja de Golden Globe Award for Most Promising Newcomer-Female; yn 1957 wûn sy noch in Golden Globe — for World Favorite female actress. Yn 1997 wûn Kim in Honorary Berlin Golden Bear Award en 2002 wie it jier dat hja de Lifetime Achievement Award krige.

De New Yorkse rock band The Velvet Underground hie in nûmmer oer Kim Novak op har album Loaded, mei de titel "New Age".

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]