Kilkenny
| Kilkenny Cil Chainnigh |
||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 22.179 (2006, stêd en borough) | |
| Oerflak | 3,74 km² | |
| Hichte | 60 m | |
| Polityk | ||
| Lân | Ierlân | |
| Provinsje | Leinster | |
| Greefskip (county) | Kilkenny | |
| Oar | ||
| Stifting | yn 1609 stedsstatus | |
| Koördinaten | ||
| Webside | Offisjele webside fan de county | |
Kilkenny (Iersk: Cil Chainnigh) is de haadstêd fan County Kilkenny, Ierlân. Kilkenny leit oan de ouwers fan de rivier Nore yn de provinsje Leinster yn it súdeasten fan Ierlân. De stêd is ferneamd fanwege de protte midsieuske gebouwen dy't er hat.
De skiednis fan it plak begjint yn de iere 6e ieu at de tsjerke him dêr festiget.
De wichtichste gebouwen binne Kastiel Killkenny en Sint Canice's Katedraal. Sint Canice is ek dejinge dy't de stêd syn namme jûn hat; it Ierske Cill Chainnigh betsjut Tsjerke fan Canice. It Ierske parlemint hat yn de 14e ieu ek in skoft yn de stêd húsmanne.
De stêd hat ferskate brouwerijen, sa as de St. Francis Abbey Brewery dy't ier yn de 18e ieu oprjochte waard troch de hearen Cole en Smithwick, en dy't sûnt de jierren '60 part binne fan de Guinness Ireland Group. Bieren dy't dêr broud wurde binne ûnder oaren Smithwicks en Killkenny. 80% fan it bier dat tsjintwurdich yn Kelkenny produsearre wurdt is it Amerikaanske Budweiser (ûnder lisinsje).
Killkenny hat ek in súksesfol hurlingteam, The Cats, dat sûnt 1999 al fiif kear de Ierse hurlingtitel helle hat en regearend kampioen binne.
Berne yn Killkenny [bewurkje seksje]
- George Berkeley (12 maart 1685), filosoof, Anglikaans biskop.
- Richie Ryan (6 jannewaris 1985), fuotballer
Keppeling om utens [bewurkje seksje]
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kilkenny fan Wikimedia Commons. |