Kesha
Ut Wikipedy
Kesha Rose Sebert (Los Angeles, 1 maart 1987), rûnom bekend as Kesha of Ke$ha, is in Amerikaansk popsjongster, rapper en hitskriuwster. Hja waard wrâldferneamd troch it meidwaan oan it liet Right Round fan Flo Rida en har eigen hit Tik Tok.
Har debútsingle, "Tik Tok", ferskynde yn 2009 en waard yn alve lannen in nûmer ien hit. Har debútalbum, Animal, ferskynde yn jannewaris 2010 en kaam yn de Feriene Steaten fuort op it earste plak fan bêst ferkochte albums. Ein septimber 2010 hie Kesha al mear as 2 miljoen albums oer de hiele wrâld ferkocht.[1]
Diskografy [bewurkje seksje]
- Albums
- 2010: Animal
- 2010: Cannibal;Single's
- 2009: TiK ToK
- 2010: Blah Blah Blah (feat. 3OH!3)
- 2010: Your Love Is My Drug
- 2010: Take It Off
- 2010: We R Who We R
Keppeling om utens [bewurkje seksje]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|