Katedraal fan Laon

Ut Wikipedy
Us-Leaffrou fan Laon

Notre-Dame de Laon

Lokaasje
lân flagge fan Frankryk Frankryk
Opper-Frankryk
departemint Aisne
plak Laon
adres Rue du Cloître
koördinaten 49° 33' N 3° 37' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Soissons
patroanhillige Marije
Arsjitektuer
boujier 1155-1235
boustyl Gotyk
hichte 60,5 meter (toer súdlike dwersskip)
monumintale status histoarysk monumint
Webside
Side parochy
Kaart
Katedraal fan Laon (Frankryk)
Katedraal fan Laon

De Katedraal fan Laon of de Us-Leaffrouwekatedraal (Frânsk Cathédrale Notre-Dame de Laon) yn de Frânske stêd is in iergoatysk tsjerkegebou yn it Frânske departemint Aisne. De tusken 1155 oant 1235 boude katedraal stiet op de "Montagne de Laon" yn de boppestêd fan Laon en is om fierrens te sjen.

De bou fan it nije krúsribferwulft yn it koer fan de Dyonisiuskatedraal yn Parys hie sa'n grutte ynfoed, dat de Noard-Frânske biskoppen harren tsjerken tenei yn dy styl bouwe lieten. Yn in pear jier tiid waard útein set mei de bou fan de nije katedralen fan Sens (1140), Senlis (1151) en Noyon (1157). Ek de katedraal fan Laon heart by dy iere faze fan de gotyk. De tsjerke wie katedraal fan it bisdom Laon, dat yn 1802 opheft waard.

Skiednis en beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Plattegrûn fan de katedraal

De katedraal stiet op it plak dêr't noch âldere tsjerken stien ha. It bisdom Laon waard yn 'e 6e iuw troch Sint-Remigius stifte as ôfsplitsing fan it bisdom Reims. Fan de earste katedraal, dy't dêr nei alle gedachten ek stien hat, is neat bekend. Tsjin it ein fan de 8e iuw waard dy earste oan de Hillige Ferlosser en Marije wijde katedraal op 'e nij boud. Dy karolingyske katedraal waard op 6 septimber 800 yn oanwêzigens fan keizer Karel de Grutte ynwijd. Healwei de 11e iuw waard útein set mei de bou fan in nije katedraal, dy't tagelyk mei de twadde kroaning fan kening Filips I yn de katedraal op 25 desimber 1071 ynwijd waard. De romaanske katedraal baarnde by in opskuor op tongersdei 25 april nei Peaske yn it jier 1112 ôf, mar ûnder biskop Barthélemy de Jur fûn weropbou plak.

It hjoeddeiske gebou waard tusken 1155 en 1235 boud yn in tiid dat Laon mei 15.000 ynwenners ien fan de grutste stêden fan Frankryk wie. De bou begûn mei it koer en it grutte dwersskip foar it grutte tal pylgers dat in besite brocht oan de reliken fan Sint-Beatus.

Yn de 14e iuw waarden tusken de steunbearen 27 kapellen oanboud, dy't yn de 16e en 17e iuw troch muorren fan inoar skaat waarden. Yn dy tiid feroare ek de gevel fan de súdlike transeptearm mei de bou fan twa portalen mei frontalen en in heech finster. Yn 1772 folge foar de gruttere prosesjebaldakinen de ferheging fan it middenportaal.

Okse
Nylhoars
Noashoarn

De katedraal besiet oarspronklik sân tuorren. Ien fan dy tuorren gyng yn de 18e iuw troch in bliksemynslach ferlern; in oare toer waard mei in diel fan de portaalbylden yn de Frânske Revolúsje ferneatige. Sadwaande besit de katedraal tsjintwurdich noch fiif tuorren: de twa geveltuorren, by eltse sydgevel ien toer en yn op de krusing fan de tsjerke. De 'Tour de l'Horloge' is mei 60,5 meter hichte de heechste toer. Troch it grutte tal tuorren stiet de katedraal noch yn de romaanske tradysje. It bisdom waard nei 1300 jier ek yn de tiid fan de Frânske Revolúsje opheft. Sûnt is de tsjerke formeel gjin katedraal mear.

Yn 1853 waard ûnder lieding fan de arsjitekt Émile Boeswillwald útein set mei in grutte restauraasje. Troch in ûntploffing duorre dy restauraasje folle langer. Laon waard op 9 septimber 1870 troffen troch in slimmme eksploazje wêrby't 500 minsken ferstoaren. Ek de katedraal rekke skeind; de brânskildere ramen waarden ferneatige. Fan de eastlike ramen waarden dielen wer by inoar socht, mar it noardlike roasfinster ferlear de helte fan al it glês. Fan de kapellen waard gjin glês werom fûn en it wurk oan de restauraasje soe noch oant 1914 duorje.

Hiel bysûnder binne de bylden fan de 16 oksen op de heechste ferdjipping fan de tuorren. Oer de fraach wat dy oksen dêr te betsjutten hawwe, wurdt ferskillend oer tocht. De wenstige ferklearring is dat de wurklju mei de bylden de help fan de oksen by de bou betinke woene. It wiene nammentlik oksen dy't de stiennen foar de katedraal fan de stiengroeven, fral út it 15 kilometer fierderop lizzende Chermizy, nei de bouwerf op de berch fan Laon tôgen. Neffens in leginde naam in mirakuleus ferskynde okse it wurk fan de oksen oer, doe't dy troch wurgens op in stuit hielendal ynein wiene. Dêrnjonken falle ek de wetterspijers fan in neushoarn en in nylhoars oan wjerskanten fan it westlike middenportaal op. Om't dy bisten by de bou eins net bekend wiene, wurdt der tocht dat it lettere tafoegings binne. It middenportaal is wijd oan de kroaning fan Marije, de twa oare portalen oan it Jongste Gerjocht en de Berte fan Kristus.

Yn de Earste Wrâldkriich besette it Dútske leger de stêd fan 2 septimber 1914 oant 13 oktober 1918. De katedraal lei gelokkich bûten it gefechtsgebiet en bleau foar fernielings sparre. Yn de Twadde Wrâldkriich hie Laon slim te lijen fan Britske loftoanfallen yn april 1944, mar ek doe bleau de katedraal frij fan fernielings. De Dútsers hiene by de katedraal eksplosiven oanlein, mar troch bemiddeling fan Robert Lavarte, de fikaris fan de parochy fan de Leodegarius-parochy (paroisse Saint-Léger), liet de Dútske kommandant de eksplosiven ferwiderje, sadat de katedraal ek de Twadde Wrâldkriich sûnder skea oerlibbe.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur

It skip is alve traveeën lang en hat ferwulften fan 26 meter heech. Lykas by in soad Ingelske katedralen hat de katedraal fan Laon in flakke apsis. Ynearsten hie it ûndjippe koer mar trije traveeën, mar dat waard al gau te lyts fûn en it beslút waard nommen it te ferlingen ta tsien traveeën, sadat it transept de katedraal hast yn 'e midden trochsnijt. De eastlike muorre wurdt trochbrutsen fan in roasfinster en trije hege ramen.

Oer de krusing fan de tsjerke is in lantearne boud. Dêr is it ferwulft 30 meter heech (de krusingstoer is 48 meter heech)

Ikoan fan it Hillich Antlit

It fergulde koerhek stamt út de earste helte fan de 18e iuw en waard yn 1807 nei it opheffen fan it Selestynske kleaster fan Villeneuve-Saint-Germain nei in restauraasje yn de tsjerke set.

De katedraal hat meiïnoar 28 kapellen. De meast bekende is dy fan it Hillich Sakramint tichteby it súdlike transept. It alter fan it diel foar it noardlike transept oer leit hat in hillich 13e-iuwsk houten ikoan, dat skonken is troch paus Urbanus IV. Yn de Nikasius-kapel (Chapelle Saint-Nicaise) wurdt de katedraalskat bewarre, dy't bestiet út relykhâlders, liturgysk reau, prosesjefindels en kazufels. Yn in oare kapel is ien fan de grêven it grêf fan biskop Barthélemy de Jur (1080-1158). De biskop wurdt yn syn hiele hear en fear op de sark ôfbylde.

It doopfont datearret út de 12e iuw.

Oarspronklik wie de katedraal folle kleurriker. De muorren wiene foar in part mei fresko's beskildere en ek it byldhouwurk wie tige kleurryk. Op guon plakken yn de katedraal binne noch resten fan dy kleuren te sjen.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel waard yn 1899 troch de oargelbouwer Henri Didier út Épinal boud. De oargelkas is lykwols âlder en datearret fan it earste oargel, dat om 1700 hinne boud waard. It ynstrumint hat 54 registers op trije manualen en pedaal. De spyl- en registertraktueren binne mechanysk.

Kleastergong[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan de súdlike kant fan it tsjerkeskip grinzget de kleastergong, dy't yn de 13e iuw boud waard. It lykstrekige diel fan de kleastergong mei de katedraal is sân traveeën lang. Tusken de gong en de katedraal hat de kleastergong op alletwa einen mar ien travee.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur, op dizze side.