Katedraal fan Liverpool
Katedraal fan Liverpool | ||
Lokaasje | ||
lân | Ingelân | |
county | Merseyside | |
plak | Liverpool Mt L1 7AZ | |
adres | St James | |
koördinaten | 53° 23' N 1° 2' W | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Anglikaanske Tsjerke | |
bisdom | Liverpool | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Giles Gilbert Scott Frederick Thomas | |
boujier | 20e iuw | |
boustyl | neogotyk | |
hichte | 100,8 meter (toer) | |
monumintale status | Grade I listed building | |
Webside | ||
Side katedraal | ||
Kaart | ||
De Katedraal fan Liverpool (Ingelsk: Liverpool Cathedral) is de 20e-iuwske Anglikaanske domtsjerke fan Liverpool, Ingelân. It is ien fan 'e lêste grutte tsjerken dy't yn 'e neogoatyske styl boud waard. De tsjerke, dy't offisjeel de Katedrale Tsjerke fan Kristus yn Liverpool hjit, is wijd oan Jezus Kristus en de hillige Jongfaam Marije.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e 19e iuw tynde de havenstêd Liverpool foars út en yn 1880 waard in eigen bisdom troch de Church of England stifte. Der wie lykwols noch gjin tsjerke, dy't geskikt wie foar de funskje fan katedraal.
Earste ûntwerp
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar de bou fan 'e nije katedraal waard in wedstriid útskreaun, dêr't ek de ferneamde arsjitekt Charles Rennie Mackintosh oan dielnaam. It wie lykwols it ûntwerp fan de doe 23 jier âlde en ek nochris katolike studint Giles Gilbert Scott, dy't de foarkar krige. Scott stamde út in arsjitektenfamylje mei in soad ûnderfining yn 'e bou fan tsjerken en waard letter bekend troch syn ûntwerp fan 'e reade Britske telefoansellen en it Battersea Power Station by Londen. De arsjitekt soe syn libben lang wurkje oan 'e bou fan 'e katedraal.
De earste stienlizzing fan 'e katedraal op 'e St. James’ Mount yn it sintrum fan 'e stêd fûn plak troch kening Edward VII yn 1904.
Twadde ûntwerp
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1909 feroare Scott it oarspronklike ûntwerp fan 'e katedraal drastysk, dat twa westlike tuorren hie en ien transept. Neffens de nije plannen moast der in sintrale toer fan goed 85 meter heech komme mei in lantearne, flankearre fan in twilling transept. It komitee foar de katedraal skrok fan de radikale feroarings fan 'e al goedkarde plannen en frege Scott om de plannen earst ris goed út te wurkjen en se dan foar te lizzen om se te beöardiele te kinnen. Dêr wied er in jier mei dwaande en yn novimber 1910 krige it nij ûntwerp de goedkarring fan it komitee. As gefolch fan 'e feroarings fan it eksterieur krige it ynterieur mear romte. Tagelyk ferlear de te bouwen tsjerke in soad goatyske details, dy't ferfongen waarden troch in modernere monimintale styl.
De Marijekapel (Lady Chapel) mei har ryk útfierde ynterier, dy't yn de oarspronklike plannen de namme Morning Chapel krije soe, wie it earste diel fan it gebou dat foltôge en konsekrearre waard.
Earste Wrâldkriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Earste Wrâldkriich wie de oarsaak dat de bou net gaueftich eine. Der wie in tekoart oan wurklju, materjaal en jild. Nei de wrâldkriich kaam der wer faasje yn it wurk en yn 1924 wiene it koer mei de omgong, it kapittelhûs en de sakristy klear. Mei in tydlike muorre waard it al foltôge diel fan de katedraal ôfsletten en yn oanwêzigens fan û.o. kening George V en kenininne Mary konsekrearre. Foar in belangryk diel fan 'e katedraal (de toer en it sintrale transept) feroare Scott doe op 'e nij de plannen, sadat it wurk wer in jier opûnthâld hie. It definitive ûntwerp fan 'e toer wie heger en smeller as yn 'e eardere plannen fan 1910.
Twadde Wrâldkriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tusken de twa wrâldoarlogen eine it wurk stadich en mei it útbrekken fan 'e Twadde Wrâldkriich ûntstiene deselde swierrichheden as earder yn 'e jierren 1914-1918. It tal wurklju sakke foars en it gebou rekke boppedat noch skeind ek troch Dútske bommen. Nettsjinsteande dat slagge it om it sintrale diel yn july 1941 sa fier ôf te krijen, dat it oerdroegen wurde koe oan de deken en it kapittel. Op 20 febrewaris 1942 waard troch Scott de lêste stien foar de lêste pinakel op 'e toer lein. Yn 'e rest fan 'e oarloch waarden fierder gjin grutte wurken mear ûndernommen. Pas yn 1948 waard der wer útein set mei it útfieren fan 'e plannen foar de bou fan it skip. It wer yn oarder meitsjen fan 'e skea troch de bombardeminten, benammen oan 'e Marijekapel, duorre noch oant 1955.
Foltôging
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Scott ferstoar yn 1960 doe't it earste travee fan it skip hast foltôge wie. Frederick Thomas folge him op, dy't lange tiid mei Scott oparbeide hie en foar it westlike front fan 'e katedraal in nij ûntwerp tekene. De foltôging fan 'e katedraal waard fierd mei in danktsjinst en wijing yn oktober 1978 yn oanwêzigings fan keninginne Elizabeth II fan Ingelân. Yn 'e oekumenyske geast dy't oer Liverpool waaide, spile Derek Worlock, de roomske aartsbiskop fan Liverpool, ek in wichtige rol yn 'e plechtichheid.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it koer fan 'e katedraal stiet it grutste piipoargel fan it Feriene Keninkryk en ien fan 'e grutste piipoargels fan 'e wrâld. De bou sette yn 1923 troch Henry Willis & Sons útein. Yn it jier dêrnei koe it al brûkt wurde by de konsekraasje fan 'e katedraal, mar it wurk oan it ynstrumint gyng noch fierder oant 1926. It oargel hat twa fiifmanualige spyltafels en 10.268 pipen en 200 registers. Bysûndere registers binne de Trompette Militaire en de Tuba Magna. Njonken it haadoargel is der noch in twamanualich Willis-oargel yn 'e Marijekapel.
Keunstwurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1931 frege Scott oan Edward Carter Preston om bylden te meitsjen foar de katedraal. It wie in ûnbidich grut projekt en de keunster hie dêrmei foar tritich jier wurk. Hy makke fyftich bylden, tsien monuminten en ferskate reliëfs. In soad ynskripsjes yn 'e katedraal binne skreaun troch de deken Dwelly en de keunstner hat se yngravearre.
Yn 1993 waard in grut brûnzen byld "The Welcoming Christ" fan Elisabeth Frink bûten boppe de westlike tagong oanbrocht. It wie ien fan har lêste keunstwurken dy't flak foar har dea oanbrocht waard. In oar wurk fan Emin stiet sûnt 2005 by it westlike ein fan 'e katedraal en stelt in brûnzen mosk op in metalen peal foar.
Yn 2003 krige Don McKinlay de opdracht om in byld te meitsjen fan it bern Jezus, dat in plak krige foar it 15e iuwske Marijebyld fan 'e Italjaanske keunstner Giovanni della Robbia (1469-1529) yn 'e Marijekapel.
Under it grutte westlike raam waard yn 2008, doe't Liverpool Kulturele Haadstêd fan Jeropa waard, in keunstwurk ûntbleate fan Tracey Emin. It wurk mei de titel "For You" stelt de tekst "I felt you and I knew you loved me" yn rôze neonletters foar. It keunstwurk soe as ûnderdiel fan it Kulturele Haadstêd-programma ynearsten tydlik bliuwe, mar bliuwt no permanint yn 'e katedraal.
Klokken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Twa liften bringe de klokkelieders en besikers nei it plak, dêr't de klokken hingje yn de toer. De klokken wurde neffens de Ingelske tradysje fan it wiksellieden let. Yn it midden fan in ring fan klokken hinget de Great George, de 14,5 ton swiere bourdon-klok. De Great George is ferneamd nei George V en getten troch John Taylor & Co yn Loughborough. De Great George heart ta de swierste klokken fan Ingelân.
De ring klokken om de bourdon-klok bestiet út trettjin klokken mei in ferskillend gewicht. Meiïnoar wege se 16,8 ton en se binne ferneamd nei Thomas Bartlett († 4 septimber 1912), dy't mei syn legaat it jitten fan 'e klokken troch Mears & Stainbank fan de Klokkejitterij Whitechapel mooglik makke. Syn jiske is yn in urn yn 'e liedkeamer ûnder de klokken byset.
Op in hichte fan 67 meter foarmje de klokken fan 'e katedraal fan Liverpool de heechste en swierste liedende klokkesyklus fan de wrâld.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Liverpool Cathedral
|