Springe nei ynhâld

Katedraal fan Chichester

Ut Wikipedy
Katedraal fan Chichester

Cathedral Church of the Holy Trinity

Lokaasje
lân Ingelân
greefskip West Sussex
plak Chichester
adres The Royal Chantry, Cathedral Cloisters
koördinaten 50° 50' N 0° 46' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Anglikaanske Tsjerke
bisdom Chichester
patroanhillige Trije-ienheid
Arsjitektuer
boujier 1076-15e iuw
hichte 19 meter; toer: 82 meter
monumintale status Grade I listed building
Webside
www.chichestercathedral.org.uk
Kaart
Katedraal fan Chichester (Ingelân)
Katedraal fan Chichester

De Katedraal fan Chichester (Chichester Cathedral) of de Katedrale Tsjerke fan de Hillige Trije-Ienheid (Cathedral Church of the Holy Trinity) is de biskopssit fan it Anglikaanske bisdom Chichester yn Ingelân. De katedraal waard stifte yn 1075, doe't de biskop syn sit ferhûze fan Selsey nei Chichester.

De katedraal fertsjintwurdiget Normandyske en goatyske boustilen en waard troch de arsjitektuerkritikus Ian Nairn (* 1930–† 1983) beskreaun as "de meast typysk Ingelske katedraal". Nettsjinsteande dat ûnderskiet katedraal him fan oare Ingelske midsiuwske katedralen troch in frijsteande klokketoer en dûbele sydskippen. De katedraal hat twa seldsume byldhouwurken en in soad moderne keunstwurken, wêrûnder ek tsjerklik tekstyl, glês-yn-lead en byldhouwurk.

De stêd Chichester is altiten lyts genôch bleaun om de hiele stedsbefolking op itselde stuit in plak te jaan yn 'e katedraal.

De spits fan 'e katedraal dy't boppe it griene koperen dak úttuorket kin fan fierrens sjoen wurde oer it flakke lânskip fan West Sussex en is in baken foar seelju. De katedraal is de iennige midsiuwske katedraal fan Ingelân, dy't fan ôf de see sjoen wurde kin.

De katedraal ferfong de troch Sint-Wilfrid yn 681 yn Selsey stifte katedraal. Yn 1075 ferhûze de biskop syn sit nei Chichester en yn 1108 fûn de konsekraasje fan 'e nije katedraal plak. In iere tafoeging wie de Pantaleonkapel (Chapel of Saint Pantaleon) oan it súdlike dwersskip (tsjintwurdich de sakristy), dy't nei alle gedachten flak foar de brân fan 1187 oanboud waard. By dy brân waard in grut part fan 'e stêd ferneatige en troch de brân moast in grut part fan 'e katedraal ferboud wurde. Sa waard it tsjerkeskip reparearre en de houten souder ferfongen troch in stiennen ferwulft. Yn 1199 koe de katedraal wer op 'e nij ynwijd wurde.

De katedraal yn 1650.

Yn 'e 13e iuw waard de sintrale toer foltôge. De Normandyske ôfsluting fan 'e katedraal waard ferfongen troch nijbou mei in Marijekapel (Lady Chapel) en in rige fan oanslutende kapellen oan eltse kant fan it skip, sadat lykas by in soad Frânske katedralen dûbele sydskippen ûntstiene. Yn 1402 waard de spits foltôge en noardlik fan it westlike ein fan 'e katedraal ûntstie de frijsteande klokketoer.

De katedraal waard in pylgersbestimming nei't Richard de Wyche (biskop fan 1245 oant 1253) yn 1262 hillich ferklearre waard as Sint-Richard fan Chichester. Yn it begjin fan 'e Ingelske reformaasje waard der opdracht jûn om de skryn fan 'e hillige biskop te ferneatigjen. Troepen fan Oliver Cromwell belegeren yn Ingelske Boargeroarloch de katedraal.

De needsaak fan in frijsteande toer fan 'e katedraal kin ferklearre wurde út de ûngelokkige skiednis fan 'e tuorren fan de katedraal. De súdwestlike geveltoer stoarte al yn 1210 yn en waard dêrnei wer opboud. De noardwestlike toer folge yn 1635 en waard pas yn 1901 wer opboud. De 14e-iuwske mitsele spits moast yn 'e 17e iuw reparearre wurde troch de ferneamde arsjitekt hôfarsjitekt Christopher Wren, de bouwer fan St. Paul's Cathedral yn Londen. De spits oerlibbe in bliksemynslach yn 1721, mar sakke nei 450 jier sûnder fierdere ûngelokken yn. In fûns waard opset om de toer te rekonstruearjen en ek keninginne Fikoaria droech by oan 'e weropbou. Yn fiif jier tiid waard troch George Gilbert Scott in 1,8 meter hegere spits foltôge, dy't no 82 meter heech is. It pún fan 'e âlde spits waard wer brûkt om in tsjintwurdich net mear besteande kapel te bouwen.

Grûnplan fan de katedraal.
Ynterieur.

Lykas in soad by Ingelske katedralen hat ek dy fan Chichester in lange bouskiednis dy't mank gie mei in soad ûnheil. De boukundige skiednis fan it gebou is te folgjen oan 'e struktuer, om't de bouwers út ferskate tiden ferskillende stilen mei feroarjende technology tapasten. Sawol yn as bûten de katedraal is de oarspronklike Normandyske katedraal te ûnderskieden fan it lettere goatyske wurk troch de massive bou en de rûnbôgige ramen. Ek binne de ferskate goatyske stilen fan 'e lette 12e iuw oant de 15e iuw oan it gebou te folgjen.

It grûnplan fan 'e katedraal is krúsfoarmich mei in skip, sydskippen en in koer dat troch in transept ûnderbrutsen wurdt. Typysk Ingelsk is dat it eastlik ein fan it gebou yn ferlikening mei it skip lang is en rjochthoekich einiget, mei dêrefter noch in Marijekapel. Ek karakteristyk foar de Ingelske bou binne de twa westlike tuorren en in hege toer boppe de krusing. Mei de dûbele sydskippen wykt it gebou ôf fan de wênstige Ingelske katedraleärsjitektuer. Súdlik fan 'e katedraal is in kleastergong oanboud.

Foar in Normandyske katedraal is dy fan Chichester yn ferlikening mei Winchester, Ely en Peterborough mar lyts. In soad Normandysk muorrewurk is bewarre bleaun yn it skip, it transept, de krusing en de oangrinzgjende traveeën fan it koer. De fertikale opbou fan it skip falt yn trije seksjes te ferdielen: earst arkades dan in galerij en dêrnei in ljochtbeuk. Yn 'e galerij wurde de iepeningen op romaanske wize ferdield troch twa rûne bôgen mei dêrtusken in pylderke.

Doksaal.

Nei de brân fan 1187 waard de ljochtbeuk op 'e nij boud en krige it hiele gebou in ribferwulft. It eastlike ein waard ferlinge en krige in rjochthoekich ôfsletten preesterkoer mei lânsetfinsters yn in oergongsstyl tusken de Normandyske en goatyske styl. De nije arkades en ljochtbeuk holden de rûne bôgen fan 'e Normandyske arsjitektuer. It ferwulft waard yn 'e iere goatyske styl boud, dat bûten stipe krige fan loftbôgen en foarse pinakels oan wjerskanten fan 'e koerôfsluting. Yn dy tiid waard ek it hiele ynterieur renovearre. Letter waard it skip fan it koer skieden troch in doksaal yn perpendicular styl mei trije rûnbôgige iepenings. It krige de namme Arundeldoksaal, dat yn it midden fan 'e 19e iuw ferwidere mar yn 1961 op it âlde plak werom set waard.

Kleastergong.

It ûntwerp fan 'e ier goatyske sintrale toer boppe de krusingg, letter troch George Gilbert Scott rekonstruearre, hie op alle kanten twa goatyske finsters. De oarspronklike let 14e-iuwske spits wie ek fan mitselwurk. De styl en konstruksje fan de sputs is basearre op dy fan 'e katedraal fan Salisbury, mar minder heech. De oan it preesterkoer oanboude Marijekapel is in lange, smelle romte mei grutte goatyske ramen yn 'e styl fan 'e lette 13e iuw.

In oar gebou dat by de katedraal heart is de frijsteande klokketoer út it begjin fan de 15e iuw. Mooglik is de toer it wurk fan Willem Wynford, dy't ek tekene foar de kleastergong mei iepenings yn 'e perpendicular gotyk. De St. Mary's Almshouses yn Chichester binne ferbûn oan 'e katedraal en ûnstiene yn 'e 13e iuw út kristlike woldiedigens. It oan it earmhûs ferbûne midsiuwske hospitaal is ien fan 'e twa soartgelikense gebouwen yn 'e wrâld. De oare stiet yn Dútslân.

Heechalter

De katedraal hat in soad keunstwurken. De meast kostbere dêrfan binne twa reliêfs út de 12e iuw. Oare âlde skatten binne de resten fan in Romeinske flier, dy't ûnder glês te sjen is en 38 midsiuwske misericordes út 1330. De misericordes meitsje diel út fan 'e koerbanken, dy't foar it grutste part Fiktoariaanske rekonstruksjes binne.

Fan 'e grêven binne û.o. dy fan 'e komponist Gustav Holst en de goatyske tombe fan greve Richard FitzAlan (1313–1376) en syn frou Eleanor of Lancaster (1318–1372) it neamen wurdich.

Marijekapel.

Yn 'e katedraal binne in soad moderne keunstwurken te sjen, lykas û.o. tekstyl fan John Piper en Ursula Benker-Schirmer, in raam fan Marc Chagall, in skilderij fan Graham Sutherland (Noli Me Tangere), in byld en in doopfont fan John Skelton en in alterstik foar de Sint-Jan de Doperkapel (St John the Baptist's Chapel) fan Patrick Procktor. By it doopfont hinget in skilderij fan 'e doop fan Kristus fan 'e Joadsk-Dútske keunstner Hans Feibusch út 1951.

Bûten de katedraal stiet in brûnzen byld fan Sint-Richard fan Chichester, dat troch Philip Jackson makke is.

Ek hat de katedraal in troch de ferneamde Britske siler Francis Chichester skonken wimpel, dy't oan syn skip hong wylst er de wrâld rûnsile.

De katedraal hat al sûnt de midsiuwen oargels hân. Tsjintwurdich binne der fiif piipoargels fan ferskate grutte.

It haadoargel datearret út de 17e iuw en hat foar in diel piipwurk dat ta it âldste fan Ingelân heart. Om't it krekt foar dy tiid yn 1859 troch de Fiktoariaanske oargelbouwer William Hill nei it noardlike transept ferhûze wie, ûntkaam it ynstrumint oan ferneatiging troch it ynstoarten fan de spits fan 'e toer yn 1861.

It fjouwer registers tellende koeroargel waard oarspronklik foar dûmny James Hurdis boud yn 1780 troch in ûnbekende bouwer.

Yn 1972 waard it Allen-oargel yn de katedraal set om't it âlde net mear te bespyljen wie. Dat Allen-oargel waard brûkte by de tsjerketsjinsten oant 1986, doe't it haadoargel nei in restauraasje troch N.P. Mander Ltd. wer yn gebrûk nommen wurde koe. Sûnt krige it Allen-oargel in plak yn it trifoarium yn it westlike diel fan 'e katedraal om as konsertoargel te tsjinjen. It is ien fan 'e âldste digitale elektroanyske oargels fan it lân.

Fierder binne der ynstruminten fan J.W. Walker & Sons, in lyts mobyl oargel út 1980 mei seis registers yn barokstyl, en in Mander-oargel, in ienmanualich ynstrumint mei seis registers út 1986.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Chichester Cathedral