Kate Nauta
Kate as Katie Nauta (Salem, 29 april 1982) is in Amerikaansk moademodel, aktrise en sjongster. Sy brûkt de namme 'Katie' foar har wurk as model en 'Kate' foar har filmwurk.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Jeugd
Nauta waard grut yn Woodburn (Oregon) en wenne dêr oant 2000. Nauta hat Friezen ûnder har foarâlden.
[bewurkje seksje] Modellewurk
Nauta sette me modellewurk útein doe't se 15 jier wie. Mei 17 wûn hja de Elite Model Look-wedstriid yn de FS. Sy hat no in kontrakt by Mode Models International.[1] Sy hat wurke foar Versace (Sport and Versus), L'Oréal, DKNY en Abercrombie & Fitch Co. en docht ek reklamewurk, ûnder oaren foar Motorola.[2]
[bewurkje seksje] Mjitten
- Lingte: 176.5cm
- Mjitten lichem: 84-61-89
- Kleanmjitte: 36
- Skuonmjitte: 39
[bewurkje seksje] Muzyk
Nauta sjongt en skriuwt ek lieten. Sy hat mei Lenny Kravitz oan har muzyk wurke.[3] Har song Revolution is te hearren yn de soundtrack fan de film Transporter 2.
[bewurkje seksje] Aktearje
Luc Besson fûn Nauta foar de rol fan 'Lola' yn Transporter 2 en brûkte twa fan har lieten foar de soundtrack fan dy film. Nauta is fierders te sjen yn de Webrige Fear Clinic.[4]
[bewurkje seksje] Filmografy
- Weapons of God (2010) - Ashalmantra
- The Somnambulist (2010) - Suster Mary
- Choose (2010) - Jenna
- Mind Games (2009)
- Nine Miles Down (2009) - Jennie Christianson (JC)
- The Good Guy (2009) - Cynthia
- The Game Plan (2007) - Tatianna
- Transporter 2 (2005) - Lola
[bewurkje seksje] Keppelings om utens
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |