Kastrys

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kastrys
View of Castries Saint Lucia Day248bdriveb.jpg
Sifers
Ynwennertal ± 67.000 (2004)
Oerflak 79 km²
Befolkingstichtens 776,5 / km²
Hichte 2 m
Polityk
Lân Sint Lusia
Oar
Stifting 1650 as "Carenage"
1756 nije namme "Castries"
Tiidsône East Karibyske Tiidsône (ECT) (UTC-4)
Koördinaten

Kastrys is de haadstêd fan de eilânsteat Sint Lusia.

Kastrys leit yn it fierste part fan in smelle ynholte en is feitlik boud op nij lân. De stêd is sit fan it regear en dêr binne ferskate kantoaren fan pleatslike en bûtenlânske bedriuwen. It strjittepatroan is opset as in roaster (liket op dat fan New York). It hat in beskerme lizzende haven dy't sawol troch frachtskippen, fearboaten as cruiseskippen oandien wurdt. Dêr binne belestingfrije winkelfoarsjennings sa as Point Seraphine en La Place Carinage; in protte restaurants dy't in grut ferskaat oan menús oanbiede, fan pleatslik oant Sineesk iten; supermerken en noch in soad oare winkelfasiliteiten.

It iepenbier ferfier is dêr goed regele mei bussen. Tusken Kastrys en Fort-de-France op Martinyk wurdt in feartsjinst ûnderhâlden.

Toeristen komme nei Sint Lusia om belestingfrij te winkeljen en foar de moaie strannen, dêr't ferskate fan yn en by Kastrys te finen binne.

Ut de skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De stêd waard stifte yn 1650 troch de Frânsen as Carenage ('feilich ankerplak') en yn 1756 neamd nei Charles Eugène Gabriel de la Croix, Marquis de Castries. Fan 1803 oant 1844 waard de stêd in Britske marinehaven fan belang en waarden der fortifikaasjes boud op Morne Fortune, de berch dy't de haven oersjocht. Tsjin 1844 hie Kastrys in ynwennertal fan 4000. Ein 19e ieu wie it in wichtige bunkerhaven, omdat it de iennige haven yn it Karibysk gebiet wie dy't goed tarist wie foar skippen fan de Royal Navy.

Yn Kastrys sit ek it sekretariaat fan de Organisaasje fan East-Karibyske Steaten.

Berne yn Kastrys[bewurkje seksje | edit source]

Panorama, haven fan Castries fan Morne Fortune ôf sjoen

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]