Karolina-ein

Ut Wikipedy
Karolina-ein

Jerk (eftergrûn) en sijke (foargrûn).
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai boskeinen (Aix)
soarte
Aix sponsa
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     simmerfûgel
     stânfûgel
     wintergast

De Karolina-ein (Aix sponsa) is in fûgel út de famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard yn 1758 troch Carolus Linnaeus publisearre.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In folwoeksen Karolina-ein hat in 47 oant 54 sm lang bealchje en in spanwiidte tusken 66 en 73 sm. It gewicht fan 'e ein leit tusken 454 en 862 gram.

It folwoeksen jerkje hat tige moaie, kleurryk irisearjende fearren en reade eagen, mei in opfallende wite gloed lâns de nekke. It wyfke is minder kleurryk, hat in wite eachring en in wyteftige kiel. Beide folwoeksen fûgels hawwe in túf. It speculum is irisearjend blaugrien mei swarte en wite rânen oan 'e ûnderkant fan 'e fearren.

Nêst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nêstkasten foar de Karolina-ein

In nêst bestiet út ljochtbune aaien yn in beamholte by it wetter. Fakentiden wurde ferlitten spjochtenêsten brûkt of nêstkasten op goede hichte. It komt foar dat grize iikhoarntsjes de nestkasten brûke', dy't eins foar de Karolina-einen ornearre wiene. Oars as de measte oare einen hawwe Karolina-einen skerpe klaukes om yn beammen sitte te kinnen en kin er yn súdlike kontrijen twa kear yn ien seizoen briede. As nêstkasten te tich byinoar set wurde kinne de sijkes harren aaien yn it nêst fan 'e buorlju lizze, sadat dêr wol oant tritich aaien yn lizze mei as gefolch in mislearre ynkubaasje. Dat gedrach stiet bekend as briedparasitisme.

De sân oant achttjin aaien wurde yn likernôch 30 dagen útbret en in dei letter ferlitte de einepiken it nêst. De eintsjes kinne dan al swimme en harren eigen iten fine. Karolina-einen nestelje leafst boppe it wetter, sadat de einepiken sêft delkomme.

Sa'n sechtich dagen letter kinne se fleane.  

Iten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Karolina-ein yt ikels, beien, sied, planten en ynsekten.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ein is lânseigen yn gebieten mei sompen, rivieren of markes yn it grutste diel fan 'e eastlike helte fan de Feriene Steaten en op guon plakken oer de grins fan Kanada. Yn it súdlike diel dêrfan, in stripe lân oan de westlike kust fan de Feriene Steaten en it easten fan Kuba is de ein in stânfûgel. Oerwinteringsgebieten lizze oant yn it noarden fan Meksiko.

Troch jacht fanwegen it fleis en de moaie fearren wie de Karolina-ein oan it begjin fan 'e 20e iuw in seldsume fûgel woarn. Nei de ynfiering fan beskermende maatregels begûn de populaasje nei de jierren 1920 wer te groeien. It oanbringen fan nêstkasten holp de ein fierder mei it werstel fan de populaasje. Ek de groeiende populaasje fan de bever yn Noard-Amerika (Castor canadensis) yn it ferspriedingsgebiet fan 'e Karolina-ein, droech by oan it werstel fan 'e Karolina-ein, om't bevers meihelpe om in goed leefgebiet foar de fûgel te kreëarjen.

Mei't de fûgel in Europa in sierwetterfûgel is en der guon wisten út te piken, is de Karolina-ein ek yn dielen fan Europa in lokale briedfûgel.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:WoodDuck