Kalmuswoartel

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kalmuswoartel
Acorus calamus1.jpg
taksonomy
Klasse: Spermatopsida (Siedplanten)
Skift: Acorales
Famylje: Acoraceae (Kalmusfamylje)
soarte
Acorus calamus


De kalmuswoartel (Acorus calamus) is in fêste moerasplant.

Oare Fryske nammen[bewurkje seksje | edit source]

Yn it Frysk wurdt de kalmuswoartel ek wol Earrebarrebrea, Kalmswoartel, Kalmwoartel, Kalmerwoartel, Kauwoartel, Kollumerwoartel as Swannebrea neamd.

Uterlik[bewurkje seksje | edit source]

De plant hat in stevige, lange woartelstôk mei sêfte woartels. De woartelstôk krûpt ticht oer de grûn. Hy produsearret oant 1 meter lange, swurdfoarmige, rjochtoereinsteande blêden en in allinnichsteande, rjochtopgeande blomstâle. De foarm fan de blomstâle liket op dy fan it blêd. Oan de blomstâle groeit de bloeikolf, dy't út de sydkant fan de stâle liket te kommen. De bloeikolf bestiet út ticht opinoar steande, lytse, gielgriene blommen. De fruchten binne reade beien mei meardere siedden. De plant fermearderet him net allinnich troch geslachtlike fuortplanting mar kin him ek troch fegetative fuortplanting fermearderje troch ûnderierdske útrinners dy't út de woartelstok ûntspringe.

Fersprieding[bewurkje seksje | edit source]

De kalmuswoartel is lânseigen yn Yndia en it suden fan Sina. De kalmuswoartel komt tsjintwurdich ek foar yn Jeropa en Noard-Amearika, wêr't hy troch de minsk ynfierd is. De plant komt foar fan de bergen oant yn it leechlân oan de wetterkant fan marren, fivers, sleatten en bline rivierearms. Yn Jeropa komt benammen in triploïde foarm foar dy't him allinnich troch woartelstokken fermannichfâldigje kin.

Acorus calamus - Köhler–s Medizinal-Pflanzen-006.jpg

De woartelstok kin brûkt wurde yn de keuken as smaakmakker fan ferskate gerjochten. De woartelstok kin it bêste yn lytse hoeveelheden iten wurde omdat hy yn grutte hoeveelheden giftich is, en in Hallusinearjende útwurking hawwe kin. De kalmuswoartel wurdt is ek in wichtich bestândiel fan bearenburch. Hy smakket bitter en krûdich en hat in skerpe, aromatyske rook. De woartelstôk befettet ûnder oare fitamine C, choline, koolhydraten, plantaardige gom, etearyske oalje en bitterstoffen.

Yn de krûdegenêskunde wurdt de kalmuswoartel brûkt foar de behanneling fan spiisfertarringsfersteuring, pine yn't liif, roazigens en net folle sin oan iten ha.

Close-up fan bloeikolf

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Commons Commons: Kalmuswoartel – foto, fideo en harktriemmen