Justinus van der Brugghen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Justinus van der Brugghen

Mr. Justinus Jacob (of Jacobus) Leonard van der Brugghen (Nijmegen, 6 augustus 1804Ubbergen, 2 oktober 1863) wie in abbekaat en rjochter út Nymwegen. Van der Brugghen wie antirevolúsjonêr, mar oanhinger fan de etyske rjochting.

Van der Brugghen wie Twadde Keamerlid foar it distrikt Zutphen en waard yn 1856 troch kening Willem III frege as formateur. Hy moast in oplossing fine foar de skoalkwestje, dêr't sawol de liberalen as de protestanten tefreden oer wêze koene.

Van der Brugghen waard sels minister fan Justysje en lieder fan it kabinet-Van der Brugghen. Hy ferdigene it op en nij besjen fan de Leger-ûnderwiswet, dy't net stroke mei de ideeën fan syn politike freon Groen van Prinsterer; dy beskôge him dêrnei net mear as syn freon.

Yn 1858 einige syn ministerskip en politike karriêre.

Boarne[bewurkje seksje | edit source]