Judas Iskariot
Judas Iskariot (Hebriuwsk: יהודה איש־קריות, Yəhûḏāh ʾΚ-qəriyyôt) wie neffens it Nije Testamint ien fan de tolve dissipels fan Jezus en de soan fan Simon Iskariot (Jehannes 6:71 en 13:26).
Judas gyng de skiednis yn as dejinge dy't Jezus by de joadske autoriteiten oanbrocht. Foar tritich sulverstikken ferkocht hy syn Master en wat der op folge wie in skynproses mei as gefolch de feroardieling fan Jezus ta de krúsdea.
Oer it motyf fan syn ferried bestiet gjin ienriedigens. Mooglik wie it in jildkwestje, want Judas wie in ynklausk persoan, mar it kin ek polityk west ha en dat Judas teloarsteld rekke om't Jezus gjin fûle strider waard tsjin de romeinske oerhearskers of in kombinaasje fan meardere motiven. De Bibel hâld dit yn 'e midden en skriuwt dat Judas ûnder ynfloed fan de duvel kaam.
Neffens it evangeelje fan Mattéus krige Judas neitiid spyt fan syn ferried en makke hy in ein oan syn eigen libben troch himsels te ferhingjen.
It wie Mattias dy't troch lotsjen it plak fan Judas as de tolfte apostel tawiisd krige.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme Judas betsjut nei alle gedachten Isj Qerijot (Man út Kariot), in plak yn Judeä. As dizze betsjutting kloppet, dan is Judas de iennige fan de tolve apostels dy't út Judeä komt, de oaren komme allegear út Galilea. Der bestiet ek in teory dat "Iskariot" op in groep seloaten slacht, dy't sykariërs (dolkdragers) neamd waarden en in soarte fan guerillastriid tsjin de romeinske besetters en harren meirinners fierden.
Judas yn de evangeeljes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bûten it ferried fan Jezus spile Judas yn de evangeeljes net in grutte rol. Alhoewol't hy ien fan de tolve apostels wie en op it jild passe moast, hied er net sa'n bêste reputaasje. Yn Jehannes 12:6 wurdt Judas sels in dief neamd, dy't wol ris wat jild foar himsels efterút hold (Jehannes 12:6).
By Jezus wie it al folle earder bekend dat Judas de persoan wie dy't Syn ferrieder wurde soe: "Haw ik jimme alle tolve net útkeazen? En dochs is ien fan jimme in duvel" (Jehannes 6:70). Noch foar it lêste jûnsmiel gyng Judas nei de hegeprysters ta om te ûnderhanneljen oer de priis fan de útlevering fan Jezus. Ek tidens it peaskemiel mei syn learlingen liet Jezus witte wat der barre soe: "Ik sis jimme, dat ien fan jimme My ferriede sil". As ien fan de learlingen wie Judas der fansels ek by en frege kwasi ûnnoazel "Ik bin it dochs net, Hear?". Jezus andere doe: Jo sizze it sels (Mattéus 26:25). Fieder sei Jezus: "Dy is it, dy't ik dit iten jaan sil" en joech it dêrnei oan Judas. Fuort dêrnei kaam it kwea oer Judas. Nei't Jezus him moanne "Wat jo fan doel binne, doch dat dan gau" ferliet Judas de romte (Jehannes 13:21-30).
Judas wist wêr't Jezus nei it jûnsmiel wie en tegearre mei in binde folk mei stokken en swurden gyng er noch deselde nacht nei de hôf fan Getsémané. Krekt nei't Jezus syn learlingen wekker makke hie mei de wurden dat it safier wie dat Hy oerlevere wurde soe, rûn Judas op him ôf en rôp "Heare!" en joech syn Master in tút, sa't er dat ôfpraat hie mei de hegeprysters en skriftgelearden.
Foar it oanbringen fan Jezus krige Judas tritich sulverstikken, de priis dy't de profeten Sacharja (11:12-13) en Jeremia (32:6-15) yn it Alde Testamint neamden foar it ferrieden fan God.
Judas hie net in soad wille fan it jild doe't hy seach wat kant it mei Jezus nei syn ferried út gyng. Nei de feroardieling fan Jezus gyng er werom nei de hegeprysters en de âldsten en sei dat hy in grutte sûnde begien hie troch ûnskuldich bloed oer te leverjen (Mattéus 27:4). Hja reagearren lykwols ûnferskillich op de wurden fan Judas en seine dat it harren fierder net oangyng. Doe smiet Judas de sulverstikken op de grûn en makke dat hy fuort kaam. Judas kaam tryst oan syn ein en ferhong himsels (Mattéus 27:5). It stik tou wêrmei't Judas him ferhingje woe briek lykwols, hy foel op in skerpe punt fan in rots, dy't syn liif iepen skuorde en alle yngewant die útstoarten (Hannelingen 1:17).
Judas yn de taal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme Judas krige sa'n negative lading dat it synonym stiet oan alles wat ferkeard is. Sa is "in judas" in ferrieder, in min persoan en in skelnamme foar elkenien dy't net te betrouwen is. It "judaslean" is it lean fan in ferrieder.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Judas Isjariot fan Wikimedia Commons. |