Jouster Sylroede

Ut Wikipedy
De haven fan De Jouwer oan it begjin fan de Sylroede.
Ferhege boezemwetterpeil yn de Jonkersleat, in sydsleat fan de Sylroede.

De Jouster Sylroede is in feart yn de gemeente De Fryske Marren. De namme Jouster Sylroede jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Zijlroede. De sylroede ferbynt De Jouwer mei de Noarder Alde Wei. De feart stiet yn ferbining mei de Noardbroekster Feart. De Sylroede begjint by de jachthaven fan De Jouwer en rint yn westlike rjochting. It kanaal splyt it doarp De Broek yn in noardlik en in súdlik diel. It kanaal rint by de Jouster Slûs út yn de Noarder Aldewei.

Jouster skipswerf[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By it begjin fan de Sylroede leit oan de kant fan de Slachtedyk de ferneamde Jouster skipswerf fan de Jong. De skiednis fan dy werf giet yn elts gefal werom oant 1653. Yn it Frysk Skipfeartmuseum yn Snits lizze noch dokuminten fan historikus P.S. Roarda út Ljouwert fan mear as trije iuwen werom.

Destiids waarden dêr grutte houten skippen boud as koggeskippen en galjoenen. It wiene seeskippen dy't alle Europeeske wetters befarden. De seeweardige skippen farden troch de Sylroede nei de Jouster slûs en dan troch de Noarder Aldewei nei de Fryske marren en fierder.

Kolk en Hurdspytsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wetter tusken it sintrum fan De Jouwer en it Hurdspytsje (ek wol: Oerspitting) wurdt De Kolk neamd en rint lâns it Tolhûs, dêr't oant mids tweintichste iuw in flapbrêge wie. Der koe doe troch in skutslûs fard wurde yn it ferlingde fan De Kolk nei it Hurdspytsje. It Hurdspytsje dat by de Bantsterskâns út de Hearresleat fuortkomt, en dat lâns Nijehaske, Aldehaske en Haskerhoarne troch De Jouwer rint, en komt dan as Sylroede út yn de Noarder Aldewei. Oan it Hurdspytsje leine túnboubedriuwen en in grientefeiling. De te feilen griente waard mei boaten oanfierd.