John Bastwick

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
John Bastwick.

John Bastwick (1593-1654) wie in Ingelske puriteinske dokter en skriuwer.

Libben[bewurkje seksje | edit source]

Hy waard berne yn Writtle yn Essex (Ingelân). Op 19 maaie 1614 gie er nei it Emanuel College yn Cambridge, mar hy bleau dêr mar in lyts skoftsje en ferliet de universiteit sûnder in titel. Dêrnei reizge er in tiid en tsjinne as soldaat, wierskynlik in it Nederlânske leger. Dêrnei studearre er medisinen yn it bûtenlân en krige yn Padua in graad yn de medisinen. Nei't er yn 1623 werom kaam yn Ingelân, fêstige er him yn Colchester, dêr't er as dokter wurke.