Johanna fan Kastylje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Johanna fan Kastylje
Wapen fan Johanna fan Kastylje.

Johanna, mei de bynamme de Dwylsinnige, (Spaansk: Juana la Loca) (Toledo, 6 novimber 1479 - Tordesillas, 12 april 1555), wie in dochter fan de katolike keningen Ferdinand II fan Aragón en Isabella I fan Kastylje en in âldere suster fan Katarina fan Aragon. Sy wie mem fan twa keizers en fjouwer keninginnen.

Johanna wie de earste regearjende keninginne oer sawol de Kroan fan Kastylje (1504–55) en de Kroan fan Aragon (1516–55), in uny dy't resultearre yn it moderne Spanje.[1] Neist de keninkriken fan Spanje, hearske sy ek oer Sardynje, Sisylje en Napels yn Itaalje; fierders oer de Spaanske koloniale besittingen yn Amearika; wie sy Grevinne fan Boergonje en de Boergondyske Nederlannen. Sy wie de lêste foarstinne fan it Hûs fan Trastamara en mei har houlik mei Filips de Moaie begûn it hearskjen fan de Habsburgers oer Spanje. It grutstepart fan har lange regear stie sy ûnder it regintskip fan of har man, of heit en soan, en waard lange tiid fêsthâlden in in nonnekleaster fanwege har (ûnderstelde) geastlike sykte.

Neiteam[bewurkje seksje | edit source]

Johanna en Filips de Moaie hienen seis bern:

Johanna de Dwylsinnige moat net betize wurde mei Johanna fan Kastylje (1462-1530), prinsesse fan Kastylje dy't troch har boask oan Alfons V fan Portugal (1432-1481) keninginne fan Portugal wie fan 1475 oant 1481.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Fueros, observancias y actos de corte del Reino de Aragón; Santiago Penén y Debesa, Pascual Savall y Dronda, Miguel Clemente (1866), s. 64