Johanna de Groot
Appearance
Johanna de Groot (Ljouwert, 4 desimber 1978) is in Fryske keunstner út Noardburgum.
Se folge in oplieding yn de fersoarging en wurke seis jier mei de âlderein. Se seach har wurk hieltiten mear as rinnendebânwurk. Se hat dat letter fêstlein yn in searje skilderijen oer misstannen yn de soarch.
Har figurative wurk bestiet foar in grut part út portretten (wêrûnder Afrikaanske) yn oaljeferve, potleadtekeningen en deiske dingen yn de styl fan Jopie Huisman. Benammen de eagen en de útdrukking op in antlit besiket se fêst te lizzen. Efter elk skilderij sit in stik emoasje dy't se útbyldzje wol. Yn har lettere wurk sitte mear lânskippen.
Ek makket Johanna de Groot fersen. Johanna hat yn en om Burgum eksposearre.