Johann Heinrich Diemer
Johann Heinrich (Harry) Diemer (Dronryp, 7 novimber 1904 – Neuengamme, juny 1945) wie in Frysk biolooch.
Diemer syn heit wie de herfoarme dûmny N. Diemer, dy't yn Fiifhuzen stie. Hy studearre biology oan de Universiteit fan Leien. Fierders bestudearre er de ideeën fan Abraham Kuyper, Herman Bavinck en Jan Woltjer en waard rillegau in oanhinger fan Herman Dooyeweerd's en D. H. Th. Vollenhoven's reformatoryske wiisbegearte.
Hy bestege in soad frije tiid oan de Stifting foar Reformatoaryske Wiisbegearte; hy wie sekretaris yn de redaksje fan har blêd Philosophia Reformata, fan de oprjochting yn 1936 ôf.
Jannewaris 1945 waard Diemer troch de Nazis arrestearre en nei it konsintraasjekamp Neuengamme stjoerd. Hy stoar efkes nei de befrijing fan it kamp troch de Ingelsken.
Publikaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Nature and Miracle (Wedge: Toronto, 1977). ISBN 0889060150.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Frysk biolooch
- Frysk publisist
- Frysk sjoernalist
- Frysk misdieslachtoffer
- Nederlânsk biolooch
- Nederlânsk publisist
- Nederlânsk sjoernalist
- Nederlânsk misdieslachtoffer
- Frysk persoan fan Dútsk komôf
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Nederlânsk persoan fan Dútsk komôf
- Persoan berne yn Dronryp
- Persoan omkommen yn Neuengamme
- Persoan berne yn 1904
- Persoan stoarn yn 1945