Johan Erik Lindh

Ut Wikipedy
Selsportret Johan Erik Lindh

Johan Erik Lindh (Roslagen, 11 oktober 1793 - Helsinky, 21 jannewaris 1865) wie in Sweedsk keunstskilder dy't it meast yn Finlân arbeide hat.

Johan Erik Lindh wie in soan fan de militêr Erik Lindh en Maja Greta Lindh. Hy boaske oan Hedvig Kristina Liljeberg. Hy studearre oant 1814 oan de Keninklike Sweedske Keunstakademy yn Stokholm en waard dêrnei learling by in keunstskilder. Yn 1817 ferfear er nei Kokkola en makke er skilderijen foar it gerjochtsgebou yn Vaasa. Yn 1827 ferfear Lindh fan Turku nei Helsinky. Yn de jierren tritich wie er ien fan mar in pear skilders dy't fan harren wurk libje koe.

Lindh syn wurk waard foar it earst útstald yn 1847. Syn wurk kin besjoen wurde yn it Nasjonaalmuseum, it Keunstmuseum fan Helsinky en it Histoarysk Museum Turku. Hy makke alterstikken yn Kokkola, Oravais en Tenala. Teffens skildere er in tal portretten.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]