Springe nei ynhâld

Jehannes fan Glinstra

Ut Wikipedy

Jehannes fan Glinstra (Ljouwert, 161210 oktober 1678) wie abbekaat, skepen en pinsjonaris fan Ljouwert. Soan fan Cent Ypckes, boargemaster fan Ljouwert en Maycke Gadema, ûntliende syn namme oan de troch syn mem oankochte Glinstrastate ûnder Dronryp, liet him yn 1631 ynskriuwe as studint te Frjentsjer, 30 augustus 1634 te Leien, dêrnei oan Frânske akademys yn 1636.

Yn Frjentsjer ferdigene hy oant sân kear ta ûnder de heechlearaar meardere stellingen, dy't yn 1634 te Frjentsjer útjûn waarden ûnder de titel: Selectarum quaestionum, ad jus civile Justinianeum quinquaginta libris Pandectarum comprehensum, Disputationes Septem. Hjiryn, neist in foaropwurd en in troch de skriuwer hâlden Allocutio, ferskate ferzen, foar dy gelegenheid opsteld ûnder oare troch de heechleararen Schotanus en Rhala. Yn 1638 trede hy as abbekaat foar it Hof yn Ljouwert op, en waard tagelyk skepen en pensjonaris fan dy stêd. Fan desimber 1645 oant syn dea wie hy Riedshear yn it Hof fan Fryslân. Hy wie troud mei Jeepcke Lycklama à Nijeholt, dy't him gjin bern skonk.

Jeepke Lycklama (à Nijeholt), 1635
Hermannus Monsma
  • Selectarum quaestionum ad Jus Civile, quinquaginta libris Pandectarum comprehensum, disputationes septem, Franeq. 1644.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stamboek van den Frieschen Adel I, 257, II, 174;
  • Catalogus fan de Bibleteek fan it Frysk Genoatskip, 209;
  • Naamrol der Raden 's Hofs van Friesland, 40;
  • G. de Wal - De Claris Juris consultis Oratio, 371, Annot., 121;
  • Ernestus Baders - Poemata, 55;
  • Henr. Neuhusius - Extemporanea Poëmata, side 152;
  • J. Sickenga - Het Hof van Friesland gedurende de zeventiende eeuw (Leien 1869), 131, 207.