Jane Russell

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Jane Russell yn de trailer fan Gentlemen Prefer Blondes
Jane Russell
Jane Russell en Bob Hope

Jane Russell, berne as Ernestine Jane Geraldine Russell (Bemidji (Minnesota), 21 juny 1921 - Santa Maria (Kalifornje), 28 febrewaris 2011) wie in Amerikaanske aktrise en sekssymboal.

Russell har earste filmrol wie yn de western The Outlaw fan produsint Howard Hughes dêr't har aktearprestaasjes yn fan minder belang wiene as har dekolletee. De film waard trije jier lang tsjinhâlden troch de Amerikaanske filmkeuring. Ek de filmposters wie striderij oer, mar makke wol dat hja ien fan de earste foaroansteande sekssymboalen wie dy't troch de film bekend waarden.

Russell wie fral ferneamd troch har rol yn de film Gentlemen Prefer Blondes, wêr't hja ûnder oaren neist Marilyn Monroe spile.

Russell hat trijris troud west: mei de footballspiler Bob Waterfield (1943–1967, skieding), mei de akteur Roger Barrett (1968) en ûnreplikguodmakelder John Calvin Peoples (1974–1999).

Bibliografy[bewurkje seksje | edit source]

  • Jane Russell: My Path and Detours isbn=978-0517672082

Filmografy[bewurkje seksje | edit source]

  • The Outlaw (1943)
  • Young Widow (1946)
  • The Paleface (1948)
  • Screen Snapshots: Hollywood Rodeo (1949)
  • Hollywood Goes to Bat (1950)
  • His Kind of Woman (1951)
  • Double Dynamite (1951)
  • The Las Vegas Story (1952)
  • Macao (1952)
  • Son of Paleface (1952)
  • Montana Belle (1952)
  • Road to Bali (1952)
  • Gentlemen Prefer Blondes (1953)
  • The French Line (1954)
  • Underwater! (1955)
  • Foxfire (1955)
  • The Tall Men (1955)
  • Gentlemen Marry Brunettes (1955)
  • Screen Snapshots: Playtime in Hollywood (1956)
  • Hot Blood (1956)
  • The Revolt of Mamie Stover (1956)
  • The Fuzzy Pink Nightgown (1957)
  • Fate Is the Hunter (1964)
  • Johnny Reno (1966)
  • Waco (1966)
  • The Born Losers (1967)
  • Darker Than Amber (1970)
  • The Yellow Rose (1983-1984) (televyzjerige)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Jane Russell en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.