James Harris, greve fan Malmesbury

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
James Harris, Greve fan Malmesbury

James Howard Harris, Greve fan Malmesbury, (21 april 1746 - 20 novimber 1820) wie in Britske diplomaat, dy't yn de Patriottetiid yn De Haach stasjonearre wie. Hy wie lid fan it Britsk parlemint (Member of Parliament (MP)) foar Christchurch fan 1770 oant 1774 en fan 1780 oant 1788.

Wurkpaad[bewurkje seksje | edit source]

Harris wie in soan fan James Harris, de auteur fan Hermes. Hy studearre yn Winchester, Oxford en Leiden. Hy waard yn 1767 sekretaris yn Madrid, dêr't er al rillegau ferneamd waard fanwege syn betûftens (hy ûntduts dêr ek dat Spanje fan doel wie om de Falklâneilannen oan te fallen). Yn 1772 waard er diplomaat yn Berlyn, yn 1776 ferfarde er nei Sint Petersboarch (hy koe it goed fine mei Katarina II) en desimber 1784 kaam er yn De Haach te lâne (oanrekommandearre troch syn freon Charles James Fox). It slagge him om in goed kontakt mei Laurens Pieter van de Spiegel op te bouwen, by Pieter Paulus waard dat neat. Harris loofde jild út oan reginten en offisieren dy't nei de Prinsgesinden oerrinne soene.

Op 27 augustus 1786 wie der in wichtige gearkomst op it Loo, dêr't op oanstean fan Harris besletten waard ta in militêre ekspedysje om de stedsjes Elburch en Hattem ta hearrigens te twingen. Maaie 1787 waard yn it geheim in oranzjistyske kontra-revolúsje tared. De saken hiene neffens him al fierste lang duorre. "Matters must be brought to a crisis." Harris woe neat fan fersoening witte, dêr soene de patriotten mar foardiel fan hawwe. Juny 1787 stjoerde Harris Gysbert Karel fan Hogendorp foar oerlis mei prinses Wilhelmina fan Pruisen en steedhâlder Willem V nei Amersfoart; it gie oer de reis nei De Haach dy't sy yn de holle hie.

Yn 1788 waard er baron makke. Yn 1793 gie er fannijs nei Dútslân om te bemiddeljen by it foarnommen houlik fan George IV, kroanprins fan Ingelân, mei Karoline fan Brunswyk. Yn 1796 en 1797 ûnderhannele er omdoch mei it Directoire yn Parys en Rijsel. Harris luts him tebek om reden fan syn dôvens. Yn 1800 waard er ta greve beneamd.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

Malmesbury publisearre sels neat, útsein in ferslach oer de revolúsje yn Nederlân en in útjefte fan syn heite wurk, mar syn wichtige deiboeken en brieven waarden troch syn pakesizzer besoarge.

  • Diaries and correspondence of James Harris, first Earl of Malmesbury: Londen 1844, 4 dielen
  • Letters of the first Earl of Malmesbury, 1746-1820 : Londen 1870, 2 dielen

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Knoops, W.A. & F.Ch. Meijer (1987) Goejanverwellesluis. De aanhouding van de prinses van Oranje op 28 juni 1787 door het vrijkorps van Gouda.
  • Wijnen, H.A. van (1987) "Vorst Willem, Het is alles uw schuld!" Oranje en de ondergang van de Republiek bij de omwentelingen 1787-1795.