Jakov Permjakov

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lizzing fan Janabaai dêr't Permjakov op it iis fermoarde waard

Jakov Permjakov (Russysk: Пермяков, Яков, † 1712) wie in Russysk seefarder, ûntdekkingsreizger, keapman en kozak.

Underweis fan de rivier Lena nei de Kolyma, seach Permjakov yn 1710 twa ûnbekende eilannegroepen yn de fierte. Dy eilannen soene letter Grut Ljachovsky en Beare-eilannen neamd wurde.

Yn 1712 stutsen Permjakov, syn maat Merkury Wagin en 12 kozakken de beferzen Janabaai oer, fan de mûning fan de Jana nei Grut Ljachovsky, en ferkenden it op dat stuit ûnbekende eilân.
Op de weromreis waarden Permjakov en Wagin fermoarde troch oproerige ekspedysjeleden. De kozakken brochten Permjakov's lyk op it iis en setten de brân der yn. Wat de kozakken mei de jiske dien hawwe is net witten, mar fan Permjakov is nea wer in spoar fûn.