It Duet

Ut Wikipedy
It Duet
keunstwurk
It Duet
It Duet
bysûnderheden
jier 1975
keunstner Guus Hellegers
materiaal brûns
plak De Jouwer
lokaasje E.A. Borgerstrjitte

It Duet is in keunstwurk oan de E.A. Borgerstrjitte op De Jouwer.

De keunstner neamde it in 'dûbelreliëf' omdat it bestiet út twa tinne brûnzen gestaltes dy 't in sterk reliëf hawwe. De beide stilearre frouljusfigueren (troch de keunstner sels twa boartlike wyfkes neamd) steane yn hânstân tsjin elkoar oan. Dy sportive hâlding leit in link mei de sporthal. De keunstner boartet mei diminsjes; troch it tinne materiaal liket it byld sawol twa- as trijediminsjoneel. It is in skaaimerk fan it wurk fan de Haachske byldhouwer en medaljeur Guus Hellegers.

It byld waard by de iepening fan sporthal De Stuit yn 1975 ûntbleate troch Mr. H. Rijpstra, de destiidske Kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: