Iman Mohammed Abdulmajid

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Iman Abdulmajid)
Iman op it Tribeca Filmfestival 2009
Iman yn 2006

Iman Mohammed Abdulmajid (Somalysk: Imaan Maxamed Cabdimajiid; Cabdimajiid, Arabysk: ايمان محمد عبد المجيد‎, transliteraasje: ͗Īman Muḥammad ͑Abd al-Maǧīd; Mogadisjû, 25 july 1955) is in Somalysk model, aktrise en ûndernimmer.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Iman en David Bowie

Iman is in dochter fan de Somalyske ambassadeur yn Saûdy-Araabje en gong yn Egypte nei skoalle. Letter ferfarre hja nei de Keniaanske haadstêd Nairobi. Sy studearre politikology oan de Universiteit fan Nairobi; die modellewurk yn Afrika en krige sa de bynamme ingel fan Afrika.

Yn 1975 waard hja fulltime model en ferfarre nei de Feriene Steaten. Dêr krige hja kunde oan basketballer Spencer Haywood. Sy trouden yn 1977 en krigen in dochter, Zulekha. Yn 1987 rûn it houlik op 'e non en 24 april 1992 troude Iman mei de Britske sjonger David Bowie (1947–2016). It pear krige in dochter yn 2000, Alexandria Zahra Jones, en wennen yn Londen en New York.

Iman is direkteur fan it kosmetikabedriuw Iman Cosmetics, dat him taleit op in brune hûd.

Iman is moslim en kin har yn fiif talen rêde.

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Naomi (forward) (1996),
  • I Am Iman (2001)
  • Beauty of Color: The Ultimate Beauty Guide for Skin of Color (2006).

Karút films[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]