Ikarusblaujurkje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ikarusblaujurkje
Polyommatus icarus1.jpg
taksonomy
Klasse: Ynsekten (Insecta)
Skift: Flinters (Lepidoptera)
Famylje: Reachwjukflinters (Lycaenidae)
soarte
Polyommatus icarus

It Ikarusblaujurkje (Polyommatus icarus) is in flintersoarte yn it skaai fan de Blaujurkjes (Polyommatus).

Foarkommen[bewurkje seksje | edit source]

It Ikarusblaujurkje is in tige algemiene stânflinter. De flinter kin fûn wurde yn greiden op diken en bjirmen. De flinter kin ferspraat oer hiel Nederlân sjoen wurde. It is in frij honkfêste soart.

Flinter[bewurkje seksje | edit source]

De wjuklingte is ûngefear 15 mm. De boppekant fan de wjuk is by it mantsje blau en by it wyfke brún. Soms hat dat brún in sterke blauwe bestowing, mar it komt ek foar dat der suver brune wyfkes fûn wurde. Op de ûnderkant fan de foarwjuk steane twa grutte plakken. De plakken op de ûnderkant fan de foar- en de achterwjuk binne like grut.

Fleantiid[bewurkje seksje | edit source]

De flinter fleant fan begjin maaie oant begjin oktober, foaral fan 1 oant 25 juny en fan 25 july oant 25 augustus. It Ikarusblaujurkje fleant soms yn twa of trije oerrinnende generaasjes.

Rûp[bewurkje seksje | edit source]

De rûp kin 15 mm lang wurde. It liif is felgrien mei in donkere griene rêchline. Der rinne wyteftige streken by de sydkant fan de rûp lâns. Hy oerwinteret as in healwaaks rûp tusken lagen planteôffal. De rûp groeit yn de neisimmer en de betide hjerst en it dêrnei kommende foarjier. De rûp ferpopket frij op de grûn.

De rûp fret fan de Hopklaver en de Tôchklaver.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]