Iishal Ljouwert

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Iishal Ljouwert is in oerdekte keunstiisbaan yn Ljouwert en stiet njonken it WTC-Ekspo. Neist in bûtebaan fan 220 meter hat de iishal ek in binnenbaan fan 30 x 60 meter. Dizze binnenbaan wurdt ûnder oare brûkt troch iishockeyferienings, shorttrackferienings en kurlingklubs út Ljouwert en omkriten.

De iishal fan Ljouwert wurdt winterdeis in soad brûkt troch skoallen, iisferienings en partikulieren.

Nijbou[bewurkje seksje | edit source]

It koelfloeistof fan de hjoeddeiske iisbaan mei oant 2015 brûkt wurde, dêrnei moat de hal sletten wurde. Op it heden (2012) binne der plannen foar in nije gruttere baan. De diskusje goed oer hoe grut de baan wurde moat. By Thialf op it Hearrenfean wurdt mei arguseagen nei Ljouwert sjoen. Dêr binne sy bang dat in gruttere baan foar harren sels minder besikers opsmiten sil.