Iisein

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Iisein
Long-tailed-duck.jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Goeseftigen (Anseriformes)
Famylje: Einfûgels (Anatidae)
soarte
Clangula hyemalis

De Iisein (Clangula hyemalis) is in fûgel út it skaai fan de Einen.

Foarkommen[bewurkje seksje | edit source]

Iiseinen binne lytse see-einen. De jerke wurdt sa'n 55 sm. ynklusyf de lange sturtfearren, it wyfke mar 40 sm. grut. De fûgels wage tusken de 650 en 850 gram. It mantsje is it opfallendst swart fan ûnder en op de wjukken en meast wyt op it boarst, de kop en de rêch. Fierders hat er in opfallend donker plak op de sydkant fan de kop.

Fersprieding[bewurkje seksje | edit source]

Iiseinen komme foar yn it noarden fan de toendra oant de râne fan it pakiis en se binne dêr de einesoart dy't dêr it measte foarkomt. Yn súdliker gebieten meitsje se harren nêsten yn berchtmen. De wintermoannen lûke wat súdliker nei de seekusten. Foaral de Eastseekust is in belangryk oerwinteringsgebiet, dêr sitte dan wol inkele miljoenen iiseinen. Oan de Nederlânske kust en ek yn Fryslân binne meast mar in pear fûgels te sjen.

Iten[bewurkje seksje | edit source]

De Iiseinen siket syn fretten it leafst op de seeboaiem oant wol 30 meter djipte. Hjir sykje se benammen nei moksels en kreeften en somtiden lytse fiskjes. De iisein kin wol oant 2 minuten ûnder wetter bliuwe. De jongen ite op de marren meast lytse kreeften en ynsektelarven.

Fuortplanting[bewurkje seksje | edit source]

De tiid dat de fûgels harren nêst meitsje is eins de ienichste tiid dat se net op see binne. Se meitsje harren nêst it leafst op lytse einlantsjes, yn markes op de toendra. Begjin juny begjint it wyfke te brieden op 5 oant 10 aaien. Nei in dei as 23 komme de aaien út.