Ibrahim Ferrer

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ibrahim Ferrer by in konsert yn Grins, 2004

Ibrahim Ferrer (20 febrewaris 19276 augustus 2005) wie in populêre Kubaanske sjonger.

Ferrer waard yn 1927 berne yn in nachtclub yn it doarpke San Luis by Santiago de Cuba. Hy begûn syn karriêre op syn 14e. Yn de jierren 50 song hy yn it Pacho Alonso's orkest yn Havana. Hy bleaun mear as 20 jier oan dy groep ferbûn. Undertusken wie Ferrer gastsjonger by Kubaanske legindes as Orquesta de Chepin en Beny Moré.

Yn it begjin fan de 90-er jierren luts Ferrer him werom út de muzyk. Hy hie in lyts steatspinsioen dat hy oanfolde troch op strjitte as skuonpoetser te wurkjen. Yn 1997 kaam hy wer foar it ljocht as sjonger. Hy makke doe mei de Afro-Cuban All Stars syn opnamedebút mei it album "A Toda Cuba Le Gusta".

Yn datselde jier waard Ferrer bekend troch it album Bueno Vista Social Club fan Ry Cooder, dêr't hy mei oare artysten op jierren lykas Compay Segundo, Rubén González, Pío Leyva, Manuel "Puntillita" Licea en Eliades Ochoa dy't Sonmuzyk spile. Op dat album is ek Omara Portuondo yn in duet mei Ferrer te hearren. Yn 2004 wiene al sawat 9 miljoen eksimplaren fan it album ferkocht.

Yn 1999 makke Ferrer syn solo-debút mei it album "Buena Vista Social Club Presents Ibrahim Ferrer". Ek op dat album is hy tegearre mei Omara Portuondo te hearren. It levere him yn 2000 op syn 73ste in Latin Grammy op foar de bêste "nije" artyst.

Diskografy[bewurkje seksje | edit source]

  • Buena Vista Social Club Presents... (1999)
  • Mi Oriente (1999) - kompilaasje
  • Tierra Caliente: Roots of Buena Vista (2000) me1 Los Bocucos
  • Mis Tiempos Con Chepin (2002)
  • Chepin Y Su Orquesta Oriental (2002)
  • La Coleccion Cubana (2002)
  • Buenos Hermanos (2003)
  • Que Bueno Esta (2004)
  • Ay Candela (2005) - kompilaasje

Ibrahim Ferrer is ek te hearren op:

  • Afro-Cuban All Stars - A Toda Cuba le Gusta (1997)
  • Buena Vista Social Club - Buena Vista Social Club (1997)
  • Afro-Cuban All Stars - Distinto Diferente (1999)
  • Omara Portuondo - Omara Portuondo (2000)
  • Rubén González - Chanchullo (2000)
  • Orlando Cachaito Lopez - Cachaito (2001)
  • Gorillaz - Gorillaz (2002)
  • Sierra Maestra - Rumbero Soy (2002)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]