Huningamar

Ut Wikipedy
De Huningamar op de kaart fan Theodorus Beckeringh (1781)

De Huningamar of Huiningamar, op kaarten ek Fledder (1616), Oostwoltermeer (bed[ijckt]) of Eeckelsmeer (1677) neamd, wie in mar yn de provinsje Grinslân. Hy lei by it hjoeddeiske buorskip Meerland yn de gemeente Aldamt en foarmet sûnt 2006 de kearn fan de Aldamtmar, dy't yn it ramt fan it Blauwestêd-projekt oanlein waard.

De mar hie in oerflak fan likernôch 450 hektare en hie in ferbining mei de Tjamme.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: