Hoevelaken

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
lizzing fan Hoevelaken
Winkelstrjitte Hoevelaken
Winkelsintrum Hoevelaken
Tsjerke Hoevelaken
Huzinge Hoevelaken
Huzinge Hoevelaken

Hoevelaken is in plak yn de Gelderske Fallei mei ± 10.000 ynwenners. Hoevelaken wurdt rekkene ûnder de gemeente Nijkerk, yn de provinsje Gelderlân. It wie oant it jier 2000 in selsstannige gemeente. De grins tusken de eardere gemeenten Hoevelaken en Hoogland waard by wet fan 18 desimber 1824 fêststeld.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1132 waard in moerasgebiet ûntgûn en dêr kaam Hoevelaken te lizzen. Yn 1800 joech Napoleon Bonaparte opdracht om de Doarpsstrjitte te ferhurdzjen. Letter kaam dy yn ûnbrûk troch in nije autosnelwei dy't letter de A1 waard. Yn de twadde helte fan de 20e ieu is Hoevelaken hurd groeid. Dit komt mei troch de tv- en radiostudio's yn Hilfertsom. Nei 1950 makke Hoevelaken in eksplosive groei troch. Yn dizze perioade waarden it gemeentehûs (1954), it Griene Krúsgebou (1954) en it winkelsintrum De Wiekslag (1967) boud. De skiednis fan it doarp is beskreaun yn de útjefte "Hoevelaken 1132 - 1982", skreaun troch mr. Aart Veldhuizen, berne yn Hoevelaken en notaris yn Amersfoort; ferskynde as diel 8 yn de Amersfortia Reeks, ISBN 90-6109-322-8.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

Ten westen fan Hoevelaken leit Amersfoort, dêr't Hoevelaken kwa foarsjennings bot op rjochte is.

Hoevelaken hat in doarpssintrum dat yn 2003 troch de gemeente opknapt is. Troch it sintrum rint de Westerdorpsstrjite mei oan de linkerkant it doarpsplein de Brink en oan de rjochterkant de Wiekslag. Op de Brink stiet Grand Café De Haen, dat earder doarpshûs De Stuw wie en dêr't ek in gemeenteloket yn sit. It âlde gemeentehûs is feroare yn in appartemintekompleks. Hoevelaken hat in oantal basisskoallen en in middelbere skoalle; fierders binne der trije tsjerken. Eat ten noarden fan Hoevelaken sit kultureel sintrum Sparrendam. Hoevelaken hat 4 yndustryterreinen: De Hogebrink, Overhorst, Horstbeek en De Wel.

Op sportgebiet hat Hoevelaken in fuotbal-, tennis-, hokky- en kuorbalfjild, twa sporthallen en in swimbad.

Ferkear en ferfier[bewurkje seksje | edit source]

Hoevelaken leit flak by it lykneamde knooppunt, dat in krusing is tusken de A28 en de A1, en hat op de A1 ek in ôfslach. Troch Hoevelaken rint de busline 102 (Amersfoort, Hoevelaken, Zwartebroek, Terschuur, Voorthuizen, Apeldoorn) en lâns Hoevelaken rint it spoar Amersfoort-Apeldoorn.

Mei koarten krijt Hoevelaken in stasjon, Stasjon Hoevelaken, dêr't treinen fan Connexxion stopje sille. Ut dit stasjon wei ride stoptreinen yn de rjochting Barneveld - Ede en yn de rjochting Amersfoort. De Intercity tusken Amersfoort en Apeldoorn sil net op dit takomstige stasjon stopje; foar de rjochting Apeldoorn sil dus altiten oerstapt wurde moatte yn Amersfoort.

Lângoed Hoevelaken[bewurkje seksje | edit source]

Ten westen fan Hoevelaken leit Lângoed Hoevelaken, in bosk mei dêryn it kastiel Huzinge Hoevelaken. It kastiel is sûnt 1963 eigendom fan Bouwfonds in eardere semi-oerheidsorganisaasje dy't yn it libben roppen wie om minsken mei in lytse beurs in keaphûs keapje kinne te litten, tsjintwurdich in fêstgoedûntwikkelder en finansier. It grutste gedielte fan de bosk is oankocht troch it Geldersch Landschap. Huzinge Hoevelaken stamt út 1928 en is boud troch de Hear Van Aalst dy't direkkeur wie fan de Nederlandse Handelsmaatschappij, tsjintwurdich ABN AMRO-konsern.

De famylje Van Aalst hat in nij lânhûs op it lângoed boud, omdat it âlde út de 17e ieu ferâldere wie en te min romte joech foar de grutte keunstkolleksje fan dr. C.J.K. van Aalst.

Dêrneist stie der oant 1936 noch in twadde lânhûs yn Hoevelaken mei de namme Weldam; tsjintwurdich is dit filapark Weldam. Huzinge Weldam is sloopt yn 1936.

Bekende ynwenners[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: