Barneveld (plak)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Barneveld (doarp))
Barneveld
Lizzing Barneveld yn de gemeente Barneveld
Lizzing Barneveld yn de gemeente Barneveld
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Gelderlân
Gemeente Ede
Sifers
Ynwennertal 35.095 (2021)[1]
Oar
Postkoade 3771-3773
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 8' 21" NB, 5° 35' 2" EL
Tsjerke Barneveld
Huzinge De Schaffelaar

Barneveld, Nedersaksysk: Barreveld of Bareveld) is in doarp yn de provinsje Gelderlân en ek haadplak fan de gemeente Barneveld, bekend om syn plomfeetylt en -handel en as sterk protestantske mienskip.

It plak hie yn 2021 35.095 ynwenners. Troch it suden fan Barneveld streamt de Barneveldse Beek.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Barneveld bestiet as tsjerkedoarp sûnt 1333, alhoewol't de âldens fan Barneveld op mear as 800 jier rûsd wurdt. Dy skatting is basearre op in tekst út 1174 wêryn in Wolfram fan Barneveld neamd wurdt. It plak hat in merkfunksje yn de Gelderske Fallei, mar hat nea stedsrjochten krigen. Yn de 17e en 18e iuw wie Barneveld in wichtich knooppunt yn it netwurk fan Hessewegen. De namme Barneveld is mooglik in âlde namme of in ferbastering fan de namme Boarneveld. In oare mooglike ôfkomst fan de namme is Barnstienfjild.

Barneveld hat ek bekendheid krigen troch it relaas fan de Kabeljauskse ruteroanfierder Jan fan Schaffelaar, dy't hjir op 16 july 1482 fan de troch Hoeken belegere toer sprong. Op it Torenplein stiet sûnt 1903 in stânbyld fan him. Huzinge De Schaffelaar en de oangrinzjende Schaffelaarske bosk, eastlik fan it doarp, binne nei him ferneamd. Sûnt juny 2009 is ek it teater (Schaffelaarteäter) yn Barneveld neamd nei Jan fan Schaffelaar.

Yn de tiid fan de Reformaasje ferdreaunen de protestante Barnevelders de lêste roomske preester út harren doarp, en hy fêstige him doe yn Achterveld, krekt oer grins fan de provinsje Utert, hokker doarp in katolike enklave yn in fierder protestantske regio (Amersfoart en de Feluwe) waard. Ut Achterveld wei koe de preester rinnende noch syn parochianen yn Barneveld berikke.

Twadde Wrâldoarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Barneveld lei oan de Grebbeliny en hie dêrom sawol oan it begjin as de ein fan de Twadde Wrâldoarloch slim te lijen ûnder it oarlochsgeweld. De befolking waard yn maaie 1940 by de Dútske oanfal evakuearre, krektas it fee. De measte minsken moasten nei Lunteren ta.

Yn Barneveld waarden sûnt ein 1942, diels op oanstean fan NSB-lieder Anton Mussert, yn kastiel De Schaffelaar en op it lângoed De Biezen ± 700 saneamde "befoarrjochte" Joaden ynternearre, benammen yntellektuelen en keunstners. Under harren ek tekener Edo Spier, dy't de oarloch oerlibbe. Harren pleatsing wie it gefolch fan it plan-Frederiks dat harren frijstelde fan transport.

Ein septimber 1943 moasten de Joaden út Barneveld nei Kamp Westerbork ta en dêrwei nei Theresienstadt. Dêr stoarnen tsientallen fan har. Fan de oaren waard yn febrewaris 1945 in oantal frijlitten by in útwikseling en nei Switserlân oerbrocht. By de oprydleane fan De Schaffelaar is yn 1987 in monumint fan de keunstner Ralph Prins setten as oantinken oan de ynternearring fan de "Barneveld-groep". Op 16 april 1945 befrijden de Kanadezen it doarp.

Plomfeesintrum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Plomfeemuseum

Tsjintwurdich stiet it plak bekend as it sintrum fan de plomfeeteelt, al hienen guon Noard-Limburchske gemeenten noch foardat de Gelderske Fallei yn 2003 troch de fûgelpest troffen waard, mear hinnen binnen har grinzen. Barneveld joech syn namme oan it hinneras de Barnevelder dat syn oarsprong hat yn it doarp Barneveld. Troch it krusen fan ferskillende hinnerassen kaam de Barnevelder ta stân. Dy hin wurdt foar it fleis, mar ek foar de lis hâlden. Yn Barneveld is ek in tongersdeiske aaimerk. Noch stees wurdt op de Barneveldske aaimerk de lanlike priis fan de aaien fêststeld.

It doarp hat it Nederlânsk Plomfeemuseum.

Sjoernalistyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Barneveld hat mei de Barneveldse Krant syn eigen deiblêd. Dy krante wurdt útjûn troch Koninklijke BDU Uitgevers yn Barneveld. It is de iennige lokale, betelle krante fan Nederlân dy't ûnôfhinklik is fan in útjouwer dy't lanlik of yn in gruttere regio wurket. It earste eksimplaar fan it deiblêd ferskynde op 24 oktober 1871.

Ek hat Barneveld in lokale omrop Radio Barneveld. Dy fersoarget sûnt 5 oktober 1996 de útstjoerings foar de hiele gemeente Barneveld. Dat stasjon is 24 oeren deis te ûntfangen op 93.5 MHzyn de eter, op de kabel is Radio Barneveld te ûntfangen op 93.1 MHz.

Sûnt novimber 2006 is it hûs-oan-hûsblêd Barneveld NU fan útjouwerij Wegener omdoopt ta it fjouwer dagen wyks ferskinende Barneveld Vandaag om dêrmei in konkurrint foar de Barneveldse Krant te foarmjen.

Fierders sit yn Barneveld it kantoar fan it Nederlands Dagblad. Dat is in deiblêd dat 6 dagen yn 'e wike ferskynt en yn hiel Nederlân ferspraat wurdt. De krante hat benammen abonnees mei in kristlike eftergrûn.

Wiken en buerten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doarp Barneveld hat 18 wiken en 9 buerten. De wiken fan Barneveld binne: Sintrum, De Koot, Vogelbuurt, Bloemenbuert, De Lors, Staatsliedenwijk, De Valk, Vliegersveld, Rootselaar-East, Rootselaar-West, Oldenbarneveld, De Vaarst (ek wol Barneveld-Noard), Norschoten, De Brielaerd, De Burgt, Veller Harselaar-East, Harselaar-West en Harselaar-West-West.

De buerten binne: De Tunen, Beekakkers, Eilanden West, De Burgthoven, De Lanen West, De Lanen East, De Woudse Erven, Eilanden East en De Nederwoudse Brinken.

Toerisme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Ald Feluwske Merk (OVM) wurdt jierliks op 6 tongersdeis yn july en augustus hâlden. Yn augustus wurdt Ballonfiësta Barneveld organisearre, dêr't û.o. 'special-shapes'by te bewûnderjen binne.
Yn Barneveld binne twa musea; Museum Nairac, dêr't de fêste eksposysje bestiet út ier-midsiuwske archeologyske fynsten en it Plomfeemuseum, dêr't plomfee-yndustry sintraal stiet.
Steatssekretaris Van Bijsterveldt hat op 13 juny 2009 it Schaffelaarteater oan de Churchillstrjitte yn Barneveld offisjeel iepene. It Schaffelaarteater is it nije ûnderkommen fan de muzykskoalle fan Barneveld en it muzykselskip De Harmonie en teffens it ûnderdak foar in nij teater yn Barneveld.

Ferkear en ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Noardlik fan Barneveld rint de A1 en yn it westen de A30.

Barneveld hat twa stasjons oan it spoar Amersfoort - Ede-Wageningen, in line mei de bynamme it kippenlijntje en ûnderdiel is fan de Falleiline: Barneveld Sintrum en Barneveld Noard. Sûnt desimber 2006 rydt der tusken Barneveld Noard en Amersfoart fjouwer kear yn 't oere in light rail trein.

By stasjon Barneveld Noard is yn april 2006 in transferium yn gebrûk nomd. Mei dy fergese parkearfoarsjenning wolle de provinsje Gelderlân en de gemeente Barneveld automobilisten stimulearje harren reis rjochting Rânestêd mei de trein fuort te setten. Dêrby sil gebrûk makke wurde moatte fan de stoptrein tusken Barneveld Noard en Amersfoart.

Berne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: