Hindrik de Fette

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Hindrik de Fette (ek wol Hindrik fan Nordheim) wie greve fan Mid-Fryslan. Troch syn houlik mei Getrudis, in suster fan de lêste greve fan de Brunoanen, wurdt hy mei dat skaai assosjearre.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Nei it tiidrek fan de Brunoanen dy't einige mei it fuortjeie fan Egbert II yn 1088 beliende de keizer fan it Hillige Roomske ryk it gewest Mid-Fryslân op 'e nij oan Hindrik de Fette yn 1101. Hy wie troud mei in suster Egbert II, dy't sûnder bern wie. Hindrik soe lykwols yn itselde jier al by Nagel fermoarde wurde troch de Friezen, omdat it jok fan syn hearskippij harren swier foel.

Neffens de skreaune boarnen waard er op de flecht jage en koe hy mar krekt mei in skip ûntkomme. De Friezen sette de achterfolging yn en by Nagel waard hy ynhelle. Sy stutsen him mei in spear, wêrnei hy oerboard foel en ferdronk. It libben fan syn frou bleau besparre.

De deaslach op de greve Hindrik de Fette wurdt wol sjoen as it feitlik begjin fan de libertas (Fryske frijheid) fan de Friezen tusken Flie en Lauwers.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarne en Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Annales S. Mariae,
  • S.J. Molen, Oorsprong en geschiedenis van De Friezen, Amsterdam-1981, side 98.