Egbert II

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Egbert II (ek wol Eibert II neamd) wie greve fan Mid-Fryslan tusken (1068 - Selketdelling, Harz, 1088).

Egbert II wie de lêste telch út de Brunoanen-dynasty dy't as greve Fryslan bestjoerd hat. Ut skreaune boarnen is bekend dat hy fjouwer kear yn ferset kaam tsjin syn lienhear, de Dútske keizer Hindrik IV, dy't ek in neef fan him wie. Like faak waard him it greefskip ûntnommen, de lêste kear foar altyd. Yn 1077 waard him Sudergoa al ûntnommen en oerdroegen oan biskop Koenraad fan Utert. De goaën fan Mid-Fryslân waarden nei 1086 tawiisd oan de biskop fan Utert.

Egbert waard troch de kening fûgelfaai ferklearre en sneuvele yn 1090 by in opstân tsjin de keizer. Neisieten fan de greve yn de froulike line hawwe dêrnei allegeduerigen fersocht de goaën werom te krijen.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Boarne

  • Douwe Kalma - Skiednis fan Fryslân, (Grou, 1965), side 111.
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen