Springe nei ynhâld

Hindrik fan Sutfen

Ut Wikipedy

Hindrik fan Sutfen (?-1143) wie in greve dy't mei tuskenskoften greve fan Mid-Fryslân wie, fan 1107 oant 1138. Hy wie ek greve fan Sutfen.

Hindrik wie in soan fan greve Otto II fan Sutfen en Judith fan Supplinburch. Hy folget syn heit op as greve fan Sutfen en krige ek de fâdij oer Corvey. Hindrik wie troud mei in dochter fan Hindrik de Fette; sadwaande kaam er nei de dea fan dy greve yn 'e beneaming foar de frijkommende funksje fan greve fan Mid-Fryslân.

Greve Hindrik hat net folle wille belibbe oan syn Fryske besit. Syn relaasje mei de keizer Hindrik IV rekke bedoarn en de keizer trof yn 1114 tariedings foar in ekspedysje tsjin de Friezen. Lykwols gong dizze kriichstocht net troch. Dat hâlde ferbân mei it ferset dat bean waard troch de aartsbiskop fan Keulen, tegearre mei Westfaalske en Lotaringske eallju. Greve Hindrik waard formeel út syn amt setten, en foar him yn plak kaam de biskop fan Utert. Mar ek dy stie net lang yn de geunst fan de keizer, want de opfolger fan keizer Hindrik IV, Lotarius ûntnaam yn 1126 de Utertske biskop de Fryske greefskippen Eastergoa en Westergoa en feriene it mei it greefskip Hollân. De oerdracht fan de Fryske greefskippen fûn pas plak yn 1138, oant dy tiid koe Hindrik it yn lien hâlde.

Hindrik ferstoar nei alle gedachten yn 1143.

Literatuerferwizing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Herre Halbertsma, Frieslands oudheid, Het rijk van de Friese koningen, opkomst en ondergang, Utert-2000, side 143-144.