Springe nei ynhâld

Himelfeartkatedraal (Jelets)

Ut Wikipedy
Himelfeartkatedraal

Вознесенский собор

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
oblast Lipetsk
plak Jelets
koördinaten 52° 37' N 38° 30' E
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1845-1889
arsjitekt Konstantyn Andrejevitsj Thon
boustyl Russysk-byzantynske arsjitektuer
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 4810015000
offisjele webside
sobor-elec.cerkov.ru

De Himelfeartkatedraal (Russysk: Вознесенский собор; transliterearre Voznesenski sobor) is in otterdokske tsjerke yn de Russyske stêd Jelets.

Op it plak fan de hjoeddeiske katedraal stie in âldere katedraal út 1745. It tanimmende tal ynwenners fan Jelets makke tsjin it ein fan de 18e iuw de bou fan in gruttere katedraal needsaaklik. In earste ûntwerp út 1824 waard ôfkard troch de Hillige Synoade. It twadde ûntwerp krige gjin ynstimming fan de bewenners. Yn maaie 1842 waard Konstantyn Thon fersocht in ûntwerp te leverjen. Dat ûntwerp krige wol de ynstimming fan de synoade en op 22 augustus 1845 waard de earste stien foar de nijbou lein. Foar de lieding fan de bou waard de arsjitekt Ivan Osipovitsj Valdin frege en letter, doe't de foltôging tichterby kaam, assistearre ek Aleksander Stefanovitsj Kaminski by de bou. Dy lêste makke ek de tekening foar de ikonostaze.

De klokketoer, dy't neffens de boutekeningen sa'n 7 meter boppe it krús fan de sintrale koepel útkomme moast, waard nea foltôge. Ek de iepen portiken foar de noardlike en súdlike yngong binne nea útfierd.

Nei in bouperioade fan hast fiifenfjirtich jier konsekrearre biskop Misail fan Orlov en Sevsk op 22 augustus 1889 de katedraal.

Ikonostaze

De katedraal waard yn 1934 troch de ateïstyske oerheid sletten. Yn de tsjerke sels binne doe de ikoanen ferbaarnd en it plondere gebou waard dêrnei brûkt foar de opslach foar nôt. Nei de Twadde Wrâldkriich waard de katedraal yn 1947 wer iepensteld foar de earetsjinst.

It gebou bestiet út in ûnbidich grutte kubusfoarmige tsjerke, bekroand mei fiif koepels op achthoekige tamboeren. Oan de tsjerke slút in refter oan mei in net foltôge klokketoer. Oan de kant fan it alter wurdt de tsjerke ôfsletten troch trije healrûne apsissen.

De Himelfeartkatedraal stiet yn it sintrum fan Jelets oan it Reade Plein en hat (ynklusyf it krús op de sintrale koepel) in hichte fan 74 meter, in lingte fan 84 meter en in maksimale breedte fan 34 meter. It gebou heart ta de gruttere tsjerken fan Ruslân en is te ferdielen yn in simmer- en in wintertsjerke en in benedentsjerke.

Yn de katedraal stiet in ikonostase fan trije ferdjippings, dy't makke is fan ferguld fykwurk. De ikonostase wie in ûntwerp fan Aleksander Kaminski, dy't by Thon's wurk de ynrjochting fersoarge. Allinne al yn de tsjerke sels binne 220 fresko's, skilderijen en ikoanen te sjen. De measte dêrfan binne foar in grut part makke troch de bêste Russyske keunsters út dy tiid: leden fan De Swalkers lykas Klavdi Lebedev en Aleksej Korzûchin.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Вознесенский собор