Hillige Marije- en Sint-Paulus fan Tebe-tsjerke
Hillige Marije- en Sint-Paulus fan Tebe-tsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Ljouwert | |
plak | Hilaard | |
koördinaten | 53° 09' N 5° 42' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Koptysk-Otterdokse Tsjerke | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1888 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 8496 [1] | |
Webside | ||
Side Koptysk-otterdokse tsjerke Hilaard | ||
Kaart | ||
De Hillige Marije- en Sint-Paulus fan Tebe-tsjerke yn Hilaard is de tsjerke fan de Koptyske-otterdokse mienskip yn Fryslân. De tsjerke falt ûnder it Koptysk Otterdokse Bisdom fan Nederlân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It tsjerkegebou waard yn 1888 foar de grifformearde gemeente boud en rekke mei de foarming fan in SOW-gemeente oerstallich.
De grifformearde tsjerke hold in tsjerklike funksje mei de oername fan it gebou yn 2000 troch de Koptysk Otterdokske Tsjerke. Foar de nije eigner is it ynterieur oanpast oan de koptyske earetsjinst. Sûnt 10 oktober 2008 foarmet de Fryske koptyske gemeente in selsstannige gemeente.
Op 4 maaie 2015 kaam de koptyske paus Tawadros II nei Hilaard om de tsjerke yn te wijen. De wijing fan de tsjerke troch de paus wurdt mei in plakette oan de rjochter kant fan de yngong betocht.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|