Hikke

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

In Hikke is staketsel fan meastal planken om in stik lân mei ôf te sluten.
Der binne yn Fryslân in protte soarten ( sjoch: wringe ), yn de Wâlden meastentiids tige ienfâldich: "In peal mei in prikke is in wâldmanshikke". In Hikke om in boerehiem of state mei ôf te sluten, of fan lân oan de iepenbiere dyk, wurdt in Hamei, Hameie, Homei of Homeie neamd.( Biltsk: "Hogemei" út it Frânske 'hamée'). De homeie komt foar yn âlde hierkontrakten. Se moast troch de pachter ûnderhâlden en by it ferhúzjen oan de opfolger oerdroegen wurde, inkeldris tsjin de rûsde wearde.

boarne[bewurkje seksje | edit source]

  • Encyclopedie van Friesland - 1958