Hidde Petrus Nicolaas Halbertsma

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Hidde Petrus Nicolaas Halbertsma (Snits, 4 jannewaris 1853 - Utert, 16 febrewaris 1929) wie in Nederlânsk yngenieur en arsjitekt.

Halbertsma wie de soan fan Klaas Tsjallings Halbertsma (1815-1879) en Hesterina ten Cate (1819-1886) en pakesizzer fan Tsjalling Hiddes Halbertsma. Halbertsma troude op 16 maaie 1888 te Hannover mei Dorothee Auguste Marianne Schröder (1855-1939), dochter fan Heinrich Wilhelm Grosse Schröder en Johanna Wilhelmina Isermann.

Halbertsma folge nei de H.B.S in technyske oplieding yn Aken en Hannover. Nei in skoft yn tsjinst foar in oar arbeide te hawwen fêstige er him yn 1881 as selstannich sivyl-yngenieur. Yn dy funksje hat er in grut tal wetterliedingen en -tuorren ûntwurpen. Fan 1903 oant 1910 wie er direkteur fan de gemeentlike wetter-, gas- en elekrisiteitsbedriuwen yn Wiesbaden, fan 1910 oant 1917 wie er technysk direkteur fan de Maatskippij ta Bou en Eksploitaasje fan Gemeentebedriuwen.

Wettertoer Ljouwert fan Halbertsma

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

C.G.W.P. van der Heijden, Kleurloos, reukloos en smaakloos drinkwater, Tilburchse Histoarische Rige nr 7, Tilburch 1995