Hertha BSC

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Hertha BSC
Berlin Olympiastadion nach Umbau.jpg
Oprjochte 1892
Plak Berlyn
Stadion Olympiastadion
Kapasiteit 74.220
Foarsitter flagge fan Dútslân Michael Preetz
Trener flagge fan Nederlân Jos Luhukay
Kompetysje 2. Bundesliga
Teamkleuren Teamkleuren Teamkleuren
Teamkleuren
Teamkleuren
Thúskleuren
Teamkleuren Teamkleuren Teamkleuren
Teamkleuren
Teamkleuren
Utkleuren

Hertha Berliner Sport Club Berlin is in Dútske fuotbalklub dy't yn 1892 oprjochte waard. De klub spilet yn it seizoen 2012/13 har wedstriden yn de op ien nei heechste fuotbaldivyzje, de 2. Bundesliga.

Oarspronklik spile de klub har thúswedstriden yn de Plumpe, in stadion dat yn de Twadde Wrâldkriich geregeldwei bombardearre waard. Stadichoan waarden der hyltyd mear wedstriden yn it Olympiastadion spile. Hertha BSC drige yn 1971 fallyt te gean, wêrtroch de klub Die Plumpe ferkeapje moast.